Buro de Vries fan 15 desimber 2013 11:00

  • Spiler wurdt laden

Op- en/of oanmerking? Of in goeie tip? We hearre it graach! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Fûgels yn 'e tún

Op de oranje list fan de fûgelbeskerming, in list mei fûgels dy't it dreech hawwe, stean ûnder oare de protter en de lyster. Fûgels by jo en my yn 'e tún. Mar krekt dy tún soarget der foar dat de protter en de lyster it dreech hawwe. Janstje Jellema fan Heech is frijwillichster by de fûgelbeskerming. Sy helpt minsken om har tún in feest foar de fûgels te meitsjen.
Mear ynformaasje is te finen op www.vogelsinmijntuin.nl http://www.vogelbescherming.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Albert Woudstra.

Werom jouwe wy oan goeie doelen?

De feiling yn De Blokhúspoarte levere 35 tûzen op, it diner yn Berltsum 40 tûzen. En sa bin der al hiele bedragen byelkoar garre foar Serious Request fan 3FM. It Glêzen Hûs stiet op it Saailân en woansdei giet it echt los: seis dagen sil Ljouwert folop yn de nasjonale belangstelling stean. Fryslân boppe, men sil it witte. Friezen bin oer it algemien gol en sette har graach yn foar goeie doelen. Alteast dat tinke we.
We leinen de fraach foar oan Ate de Jong (Tûmba), Erika Verdegaal (finansjeel spesjalist) en Arjen de Wit, sosjaal wittenskipper en ferbûn oan de wurkgroep filantropyske stúdzjes.

Sjouke Lousma ûnderweis (1683)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ...Carolien Roodvoets

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets. http://www.carolienroodvoets.nl/

Gast: Bernard Fransen

  • Bernard Fransen

Tusken 12:00 en 13:00 oere is Bernard Fransen ús gast. Fransen is foarsitter amateurfuotbal fan de KNVB. Hy waard berne op It Hearrenfean en stie yn Harns foar de klasse. Hy klom op ta bestjoerder by ferskate skoallen foar middelber en heger beropsûnderwiis. Derneist hat hy altyd warber west yn de sportwrâld. As fuotballer en reedrider, mar ek benammen wer as bestjoerder. Lykas yn de KNSB en no dus de KNVB.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)