Buro de Vries fan 14 septimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten (slot).

Freonskip: Lutz Jacobi en Wietske Wiersma

Lutz Jacobi is lid van de PvdA-Twadde Keamerfraksje. Koarlyn meldde se har as gadingmakker om PvdA-listlûkker te wurden by de ferkiezings foar de provinsjale steaten fan Fryslân. No hear je faak dat men yn de polityk makliker fijanen makket as freonen, dat we wiene benijd nei Luts Jacobi har bêste freon. Dat is Wietske Wiersma, al mear as 40 jier har bêste freondinne.

Friezen thús yn Frankryk (12): Stien Bruinsma

  • Yn it 'truckers'kafé

Stien Bruinsma is trucker en rydt fan moandei o/m freed mei har opfallende wein troch benammen it noarden fan Frankryk. Se hat in Amerikaanse truck, fan it merk Peterbilt. "Peter sa hyt myn soan en ik kom fan It Bilt". We treffe Stien jûns op it parkearplak by La Halte du Viaduct by Chaumont, krekt boppe Dijon. Op it parkearterrein is de truck fan Stien net te missen. Wat in joekel! Oan belangstelling hat Stien dan faaks ek net te klaaien. "De Frânsen freegje meast wol oft se even sjen meie, mar soms lûkt ien sa de doar iepen om binnen te sjen".

Sjauffeur mei in opfallende wein

  • Stien har frachtwein: in echte Peterbilt

Stien Bruinsma wurdt dit jier 62 jier. Se hat altyd op It Bilt wenne, mei Piet Tulner en harren trije bern. Piet en Stien kamen altyd al in soad yn Frankryk. Piet as reiddekker en Stien gong dan mei. Tegearre kochten se meubeltsjes op dy't se op It Bilt ferkochten. Dy handel waard hieltyd grutter, dus it ferfier moast ek grutter. Beide dienen se oan parasjutespringen. Op syn 26ste krige Piet in slim ûngelok wertroch hy arbeidsûngeskikt waard. In grutte klap. Stien waard fan doe ôf kostwinner. It transportbedriuw groeide troch en op in gegeven momint hie se seis minsken yn tsjinst. Doe't it minder gong yn de transportwrâld hat se alle frachtweinen ferkocht en de minsken ûntslein. Yn Frankryk kin se foar harsels noch wurk fine. Boppedat is it waar hjir meastal better as yn Fryslân. Dêrom dat se hjir seis jier lyn in hûs kocht hat. Sûnt dy tiid wikselje Piet en Stien it Frânske en Fryske libben mei elkoar ôf.

In dei op paad mei Stien

  • By Stien en har man Piet yn 'e tún

We ride in dei mei by Stien op de truck. De lading bestiet út stofsûgers fan de Lidl. Dy moatte lost wurde yn Langre. We binne tweintich foar achten te plak en Stien manoeuvrearret de Peterbilt handich efterút te plak. En dan is it wachtsjen oant de man mei de heftruck de lading derút helje sil. It is al nei njoggenen foar't dat sa fier is. Stien begjin 'm al wat te knipen, want se wol foar healwei tolven by de twadde stop fan hjoed wêze. Dat is Vittel, bekend fan it bronwetter. Hjir moatte we doppen lade, 15 pallets fol. Omdat it measte libben yn Frankryk tusken 12:00 en 14:00 oere stil leit wol se der rom foar dy tiid wêze, oars helpe se har net mear foar tolven en moatte we wachtsje oant it skoft foarby is. Stien is ien fan de pear sjauffeurs dy't ûnder lunsjtiid trochrydt. Oant no ta giet alles neffens plan. Mar by it tredde en lêste adres giet it mis...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)