Buro de Vries fan 14 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Jong en belutsen by de natoer. Thijs Riem-Vis sit yn it Jongerepanel Duorsum Fryslân fan de provinsje.
Sjouke Lousma treft yn de Goaiïngeaster Mieden boer Oege, 82 jier en altyd warber.
Yn Memoriam ferhaalt oer it libben fan Pier Prins, oprjochter fan it fabryk Prins yn Dokkum,
en mei Abe de Vries sykje we de spanning tusken stêd en plattelân op.
Yn de twadde oere, de kollum fan advokaat Tjalling van der Goot en it nijsfoarum oer de dillema's yn it nijs fan de ôfrûne wike.

Jong en noed foar natoer

Thijs Riem-Vis hâldt fan de natoer en jout advys oan de provinsje. Hy sit yn it jongerepanel Duorsum Fryslân. Se binne yn jannewaris begûn en jouwe advys oan de provinsje oer allerhande saken lykas in leafbere provinsje, ús ôffal, enerzjy, natuerbehâld en Fairtrade.

Wa't jong is en ek in sit yn it panel ha wol, kin maile nei: jongerenpanel.fryslan@gmail.com
Sjoch ek op:
http://www.friesemilieufederatie.nl/FrieseMilieuFederatie/Hoofdmenu/Onze...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Pier Prins, oprjochter fan it fabryk Prins yn Dokkum.

Abe de Vries leit de spanning tusken stêd en plattelân fêst

Abe de Vries, we kinne him as sjoernalist, skriuwer en dichter. Mar sûnt in jier as fjouwer is hy regelmjittich op paad mei in fotokamera. Op it stuit makket hy yn opdracht fan it HCL, it Historisch Centrum Leeuwarden, in fototentoanstelling oer it spanningsfjild tusken stêd en plattelân.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy yn de Goaiïngeatser Mieden in âld boer. Boer Oege is 82 jier en altyd warber.

Kollum Tjalling van der Goot

Alle wiken is der in kollum. Hjoed fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot. Underwerp: it alkoholslot.

Nijsfoarum

    Ien kear yn 'e moanne wurdt oan yn it buro it nijs fan de ôfrûne wiken bepraat. Hjoed mei âld-foarsitter fan SC Hearrenfean Riemer van der Velde en finansjeel adviseur Jan Bruin. Wa't as tredde oanskoot is noch net bekend.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)