Buro de Vries fan 14 juny 2015 11:00

* it Herbarium Frisicum * Yn Memoriam Fetsje Hager-Veenbaas * Gurbe-tekener Frits Klein * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum Tjalling van der Goot * Soarchmanager Wander Blaauw nimt ôfskied * Eelke Lok en Hedzer Rypstra

'Het is geen postzegelverzameling'

Mear as 100.000 droege planten hat er yn syn samling: Karst Meijer fan it Herbarium Frisicum. Geregeld is de botanikus yn it fjild te finen, om te sjen hoe't alles der by stiet en altyd op syk nei dat iene plantsje dat hy miskien noch net hat, of dat hy al hiel lang net sjoen hat. Klazina Hofstee luts de learzens oan en gie mei 'm mei.

Yn Memoriam: Fetsje Hager-Veenbaas

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Fetsje Hager-Veenbaas.

De makker fan 'it Fryske mantsje Gurbe'

Tekener Frits Klein is miskien wol it meast bekend fan syn Gurbe en Loltsje yn de Ljouwerter krante, mar syn sammele wurk is folle grutter. Hy hie it earste reklameburo yn Fryslân en makke advertinsjes, technyske tekeningen, ferneamde logo's en yllustrearde boeken. Frits Klein krige yn 1952 opdracht fan de Fryske Koerier om in "Frysk mantsje" te tekenjen by it waarberocht fan Hans de Jong. Buro de Vries socht de 91 jierrige Klein op, dy't sûnt april revalidearret yn Wolvegea.
Fan dit wykein ôf is in útstalling te sjen mei syn wurk yn it Frysk Lanbou Museum yn Earnewâld.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De kollum fan advokaat Tjalling van der Goot

Advokaat Tjalling van der Goot is ien fan de fêste kollumnisten fan Buro de Vries. Hy hat it dizze kear oer in selsstannige Omrop Fryslân.

'Ik heb ook een hypotheek'

Wander Blaauw nimt freed 19 juny ôfskied as heechste baas fan Zorgpartners Friesland, de koepelorganisaasje fan MCL, Tsjongerskâns en Noorderbreedte. Dat it Fryske soarchlânskip der útsjocht sa't it der no hinne leit, komt foar in grut part troch syn ynset en rezjy. Mar foar in soad Friezen sil hy dochs benammen dy "graaiende soarchdirekteur" wêze, fanwege syn topynkommen. It Buro makke fann 'e wike noch ien kear in slach troch it MCL mei dizze markante sikehûsmanager

It Wie......

Omrop ikoan Eelke Lok nimt nei hast 40 jier ynkoarten ôfskied fan Omrop Fryslân. Yn de lêste wiken fan syn tsjinstferbân sjocht er werom op syn wurk. Dizze wike eidet er it petear dat er hie mei kommissaris fan de Keninginne Hedzer Rypstra oer.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)