Buro de Vries fan 14 july 2013

  • Spiler wurdt laden

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide.
Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Riek Landman en Saakje Lautenbach

Riek Landman is skriuwster fan Fryske boeken en toanielstikken. Se spile toaniel, ûnder oare by it ferneamde selskip fan Tetman en Jarich de Vries, en wie belutsen by de oprjochting fan Tryater. Fierder hat se sawat 30 jier foar de klasse stien. Doe't wy Riek Landman fregen oft sy in bêste freondinne hie, wie it antwurd: "Ja, al 50 jier!". Riek Landman en har freondinne Saakje Lautenbach troffen mekoar yn Snits, doe't se dêr beide oan skoalle kamen te stean. Beide binne hike en tein yn de Wâlden en dat jout in bân. "Saakje wit mear fan my as myn man", neffens Riek Landman. In petear oer dochters dy't har eigen wei gean, fertrouwen, de toanielwrâld en swimme foar je libben.

'Friezen thús yn Sweden

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

In Harnser skilder yn Gustavfors

Piet en Lidy Scheffer komme fan Harns. Mei har bern, Nicole en Tim kamen se fiif jier lyn nei Gustavfors. Piet is hússkilder. De measte huzen yn Sweden binne read: faluröd. De kleurstof komt fan it koperpigmint dat wûn wurdt yn de koperminen fan Falun. Genôch grûnstof, dus goedkeape ferve. Oare ferve, lykas blau, giel en wyt, is djoerder.

It hûs fan Piet en Lidy is 150 jier âld. It waard boud foar de direkteur fan de izersmelterij. Mar al gau is de filla fan doetiids omboud ta winkel en wenhûs. Hjoed-de-dei is de winkel der net mear, mar de romte is der noch wol en wurdt sa no en dan brûkt foar spesjale gelegenheden.

Lidy stiet ek op de ljedder. Derneist wurket se parttime by de lokale fiskkwekerij fan 'regenboogzalmen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)