Buro de Vries fan 14 febrewaris 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden

By Beetstersweach op syk nei slange-aaien * YM Pieter Postma * Sikke Heerschop en Gjalt de Jong oer feiliger skûtsjesilen * Sjouke Lousma ûnderweis * De Lêsklup * Us Doarp

Op syk nei slange-aaien (2)

  • Yndrûge aai ringslang út broeibulte

Spoaren fan de njirre, de ringslang en de heidekikkert; dy sochten we ferline wike op it Alphener en Hemriker fjild by Beetstersweach. It leefgebiet foar reptielen en amfibyen is dêr de lêste jierren bot ferbettere, mar docht dat ek al echt fertuten? Okee, we seagen strúkheide, kraaiheide, dopheide, walstro en sels in wettersnip, mar dêr wie it ús eins net om te dwaan. Hjoed rinne we dêrom fierder mei Gerrit Tuinstra fan lânskipsbehear Fryslân, op syk nei broeibulten en slange-aaien.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Pieter Postma.

Feiligens skûtsjesilen

  • Man oer board by silerij IFKS

De skûtsjes fan de IFKS float lizze oan de wal en skippers en bemanning binne al oan de gong mei it nije seizoen. Ek wurdt der werom sjoen op ferline jier. In kampioenskip mei in swarte râne. By ferskillende oanfarrings rekken meardere bemanningsleden ferwûne, seis moasten nei it sikehûs. Skipper Sikke Heerschop hie der syn nocht fan en woe neitinke oer de takomst, hy tocht der sels oer om hielendal op te halden mei de silerij. Reden: De gefaarlike sitewaasje op it wetter. Binne dit soarte fan taferielen foar te kommen, Dieuwke Kroese ûndersiket dizze fraach mei skûtsjeferslachjouwer Gjalt de Jong en skipper Sikke Heerschop.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma is op 'en paad yn Fryslân. Underweis komt er nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket.

Wat fynt de Lêsklup fan "Zeeschuim"?

  • De boeken dy't besprutsen wurde

Ien kear yn de twa moannen sit de lêsklup oan tafel by it Buro. De gearstalling is dizze snein in bytsje oars, want Jan Hessel Kooij sit lekker yn Spanje. En syn plak wurdt ynnommen troch kollega Karen Bies. Fierder Bert René Luimstra en Annelies van der Goot. Alle leden hawwe it boek Zeeschuim fan Ingrid Hoogervorst lêzen en elts hat ek in eigen kar.
Annelies van der Goot besprekt in non-fiksje boek: Vloeiend landschap van Peter de Ruyter
Bert René Luimstra besprekt Wettersek fan Jaap Krol
en Karen Bies fertelt oer Terug uit de witte hel fan Adwin de Kluyver.

Us Doarp (15)

De soarchkoöperaasje fan De Trynwâlden ha we ferline wike yntrodusearre. Wer sa'n moai foarbyld hoe't bewenners de leefberens fan de eigen mienskip fergrutsje. De koöperaasje draacht de namme 'Tirza', eins om't se it in moaie frouljusnamme fine, mar wa't wol mei der ek in ôfkoarting yn sjen: "Trynwâlden In Realisatie Zorg Anders". Hoe dan ek, hjoed komme we yn de kunde mei Rika de Jong. Sy is beneamd as soarch-coach foar De Trynwâlden. Fierder komme oan it wurd de inisjatyfnimmers, Axel Wallenburg en Jabik Riemersma.

.

11:08 - Dionne Warwick - All The Love In The World
11:19 - Claudia De Breij & Waylon - Mis Je Zo Graag
11:29 - Kate Bush - The Man With The Child In His Eyes
11:41 - Christopher Cross - Sailing
11:51 - Ten Sharp - You
12:07 - Paul De Leeuw - Vlieg Met Me Mee (Live)
12:17 - Anouk - Run Away Together
12:54 - Dua Lipa - Be The One

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)