Buro de Vries fan 14 desimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Instock: in restaurant dêr't je iten krije dat oars wei wurde soe * Kollum Anje Wester * Diskusje itensbank * YM * Underweis * Minút fan Nyk

Instock (1): Iten ophelje by supermerken

  • Freke op paad om iten op te heljen

Yn ús maatskippij wurdt best wol in soad iten fuortgoaid. Restaurants, bedriuwskantines, supermerken; sadree in ferpakking los sit, der in plakje op it fruit sit of guod krekt oer de datum is giet it it jiskefet yn. Wrâldwiid giet der 1,3 miljard ton iten per jier ferlern. Wy binne thús ferantwurdlik foar it grutste part: 42%. Oan it begjin fan de keten, by de boeren, túnkers en produsinten wurdt al 39 % wei, de horeka nimt 14% foar har rekken , en 5% ferdwynt by de supermerken.

Yn Amsterdam kamen wy in moai inisjatyf tsjin. Freke van Nimwegen, hike en tein yn Mûnein, giet it oan it hert dat sa'n soad iten fuortgoait wurdt. Dêrom starte se Instock, in restaurant dêr't je iten krije dat oars wei wurde soe. Se begjint moarns mei it opheljen fan produkten.

http://www.instock.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Geartsje Stuiver.

Instock (2): Wat stiet der op it menu?

  • De opbringst fan de dei

Instock is in restaurant yn Amsterdam dêr't it menu bepaald wurdt troch wat supermerken fuortgoaie. Freke van Nimwegen, hike en tein yn Mûnein, wurket foar Ahold en seach dat ien oant twa prosint fan de omset fan AH winkels fuortsmiten waard. Derom betocht sy Instock. Moarns giet sy by fjouwer supermerken del en hellet dêr guod op dat oars yn it jiskefet bedarje soe. Dat iten bepaald it menu fan restaurant Instock. Botte Jellema sjocht wat it dizze kear opsmiten hat.

Dit restaurant Instock ( http://www.instock.nl/) is in proef fan in jier, mar it is in súkses en dêrom gean se nei maaie troch, wierskynlik mei in restaurant yn Amsterdam Oost.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum: Anje Wester

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed komt dizze fan Anje Wester-Koopmans, ûndernimster út Earnewâld.

Itensbanken: nut en needsaak

Yn Fryslân wurde hieltyd mear minsken ôfhinklik fan de itensbank. De itensbanken yn Fryslân wurkje manmachtich om al dy minsken alle dagen wer fan iten te foarsjen. Dêr binne in hiel soad produkten foar nedich. Fan 11 novimber oant en mei 19 desimber besiket Omrop Fryslân mei help fan alle harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de Fryske itensbanken. 'Samen voor de Voedselbank' is in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân.

Yn Buro de Vries in diskusje oer nut en needsaak fan de voedselbank. Hoe is het probleem by de woartel oan te pakken sadat der gjin itensbanken nedich binne.
Oer wol of gjin betingsten. Mei minsken gebrûk meitsje fan de itensbank wylst der thús trije grutte hûnen mei ite, der thús in soad dronken en smookt wurdt of der in auto foar de doar stiet. Moat der tsjinoer in itenspakket net in ferplichte tsjinprestaasje stean, lykas in dei meihelpe by de itensbank.

De Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen.
http://www.nykdev.nl/

11:11 - Anneke Douma - Oeral Davert In Liet
11:22 - Ub 40 - Food For Thought
11:39 - Sam Smith - Have Yourself A Merry Little Christmas
12:19 - The Common Linnets - Love Goes On
12:46 - Jack Bottleneck Kroes & De Fryslan Allstars, Iris - Genoch (Voedselbank Liet)
12:51 - Wiebe Van Dijk - D'r Leit Sneeuw Op 'e Straat

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)