Buro de Vries fan 14 augustus 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Sikke en Geert Heerschop

In dûbelynterview mei de bruorren Sikke en Geert Heerschop. Sikke sylt al jierren mei yn de IFKS, neamt himsels in bytsje rebels, soe soms syn emoasjes wat better ûnder kontrôle hawwe wolle. Syn broer Geert is in stik rêstiger, in nuchtere Fries. Geert Heerschop is bestjoerder by in ûnderwiisorganisaasje, Sikke is ôfstudeard ekonoom en hannelet sis mar yn bedriuwen.
Fierder in tal moaie reportaazjes út it argyf.

Skûtsjeskipper Sikke Heerschop en syn broer, ûnderwiisman Geert Heerschop

Seks yn it Frysk

It Frysk stiet al jierren ûnder druk. Yn 2008 fûn de AFUK dat it Frysk seksier wurde moast, dat soe de taal populêrder meitsje. Dat 'triggere' ús doetiids: Frysk seksiër? Hoe sit it mei seks yn it Frysk! Kinne de Fryske skriuwers oerwei mei seks? Wurde jo waar fan de seks yn Fryske boeken? We sochten it út.

Hjoed-de-dei is der fansels al it ien en oar feroare mei in nije generaazje skriuwers.

Woudsend Verzekeringen

Hast 200 jier wie Wâldsein ferbûn mei 'It Kantoor', ofwol Woudsend Verzekeringen. Mar ASR, de hjoeddeistige eigener fan it bedriuw, hat de festiging yn Wâldsein yn 2012 definityf sletten. Foar de doarren ticht gongen strúnde Buro de Vries om yn it doarp, èn yn it kantoor sels. Op syk nei sporen út it rike fersekeringsferline, mar stuitte dêrby ek op sporen fan hoop. Hoop dat it tij miskien noch keard wurde kin, en de 150 wurknimmers har baan yn it doarp behâlde kinne. (spitigernôch foar har, wie dy hope om 'e nocht)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)