Buro de Vries fan 13 novimber 2016 11:00

Petear mei Rein Tolsma, nei 37 jier nimt hy ôfskie fan de Omrop * Froukje Nijholt yn Nepal om te sjen oft helpjilden goed terjochte komme * YM Sybren van der Meer * Sinteklaas is der wer, mar mei hokfoar Piten? * Nijsfoarum.

Rein Tolsma oer sawat 40 jier Omrop

Rein Tolsma begûn 37 jier lyn as radioferslachjouwer by Radio Fryslân. Hy presintearde in ferskaat oan programma's, wie sjef-nijs en ferfangend haadredakteur. Jierrenlang wie hy de saneamde 'stationvoice' fan de radio: syn stim wie te hearren yn sawat alle programmatunes. Dizze moanne nimt hy ôfskie fan syn fêste baan by de Omrop. We sjogge mei him werom op it feroarjende (Fryske) medialânskip.

Froukje yn aksje foar skoallen yn Nepal

17 jier lyn rjochte Froukje Nijholt fan it Hearrenfean de stifting Studenten- en Musaharproject Nepal, koartsein de SMPN, op. In stifting dy't ûnderwiis foar safolle mooglik Nepalezen tagonklik meitsje wol. Sa bouwe se skoalle yn berchdoarpkes, dêr't de Nepaleeske oerheid sels eins net komt. Krekt dat gebied waard ferline jier troffen troch in ierdbeving. Alle skoallen leinen yn pún. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizige mei Froukje Nijholt mei nei Nepal om te sjen oft it jild foar de weropbou fan dy skoallen goed te plak kommen is.

http://studentenprojectnepal.nl/home
http://www.omropfryslan.nl/nepal

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Sybren van der Meer.

Sinteklaas is der wer!

Nijsfoarum

Hjoed mei ûnder oare Bert Jonker (direkteur Clavis), Ira Judkovskaja (artistyk lieder Tryater) en sjoernalist Gerrit de Boer.

11:09 - Janet Jackson - Whoops Now
11:27 - Enya - Orinoco Flow
11:41 - Lp - Lost On You
11:51 - Steve Harley & Cockney Rebel - Make Me Smile
12:09 - Level 42 - Tracie

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)