Buro de Vries fan 13 maart 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Peter de Jong doe't hy foarsitter wie fan de SKS.

* De leginde fan de Bosberg by Appelskea * YM: Wietske Verloop * 'De hönne op één poat' * Sjouke Lousma is ûnderweis * Kollum Anje Wester-Koopmans * Peter de Jong oer 16 jier SKS * Undernimmers yn De Trynwâlden

De leginde fan de Appelskeaster Bosberg.....

De leginde fan de Appelskeaster Bosberg is wier. Ut ûndersyk docht bliken dat de beammen op it 27 meter hege dún hielendal gjn beammen binne, mar tûken. Tûken fan in iuwenâlde ikebeam, dy't yn de tiid fan de sânferstowings de basis west hat fan wat no de Bosberg is. De nije útsjochtoer dy't dêr't boud wurdt, sil no in bytsje opskowe moatte om de âlde beam net te skansearjen. Mei Henk Jongsma fan de historyske feriening Appelskea en boskwachter Corné Joziassen fan Steatsboskbehear gie it Buro op ûndersyk út...

Yn Memoriam: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Wietske Verloop van Aldegea (Wym.) oer

'De hönne op één poat'

It Hylpers hat it dreech. Op it skoalplein wurdt it hast net mear brûkt. En dat giet de echte Hylpers oan it hert. Ien fan har, Roelie de Vries-Bakker, komt no mei in boekje. Roelie hat it boekje tegearre mei Gosse Blom gearstald. Blom wurke by de Fryske Akademy en wie Hylper taalkunige en deskunige. Blom ferstoar yn 2014. De sammele ferhaaltsjes bleaun in skoft by Roelie thús lizzen. Begjin dit jier hat se de tried wer oppakt en it boekje ôfmakke. " De hönne op één poat" wurdt freed presintearre.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Hjoed treft er in man yn in rolstoel.

Kollum fan Anje Wester Koopmans

Buro de Vries hat fjouwer fêste kollumnisten. Alle wiken komt ien fan har op de tekst oer in - meastal - aktueel ûnderwerp. Dizze kear: Anje Wester Koopmans, ûndernimster út Earnewâld

Nei 16 jier ôfskied: SKS foarsitter Peter de Jong

Nei 16 jier hat er juster ôfskied nommen fan it SKS bestjoer: Peter de Jong fan Snits. Yn 2012 folge hy Bouwe Westerdyk op as foarsitter. Dêrfoar wie er siktaris en vice-foarsitter. It Buro socht him op om dy 16 jier ris oer te eidzjen. It petear gie net allinne oer de SKS en wat dêr de lêste 16 jier spile hat. Ek de slimme sykte dy't De Jong krige doe't er krekt foarsitter wie komt op it aljemint.

Us doarp: ûndernimme yn De Trynwâlden

Yn de doarpen fan De Trynwâlden brûst it, dat ha wy de lêste moannen wol fernommen: Enerzjy, soarch, wenjen, rekreaasje en allerhande doarpsinisjativen. Mar hoe liket it ekonomysk? Kinne ûndernimmers dêr wat út de fuotten? We ha dêrom ôfpraat mei Gerrit Klopstra, betsjoerslid fan Sakeklup De Trynwâlden en eigener fan Auto Olijnsma yn Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)