Buro de Vries fan 13 july 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Joop Atsma en Ger Koopmans

Joop Atsma wie sjoernalist, waard politikus en we kinne him ek as ynfloedryk sportbestjoerder. Hy hat in lange politike karriêre efter de rêch. Nei tolve jier yn de Twadde Keamer foar it CDA waard hy yn 2010 steatssekretaris fan 'Infrastructuur en Milieu'. No is Atsma foarsitter fan it Productschap Vee en Vlees.
We fregen oan him: "Wa is dyn bêste freon". Sa treffe we Ger Koopmans, net oan 'e keukentafel, mar yn Lauswolt.

Friezen thús yn Frankryk: Karin Twijnstra

De tredde etappe fan ús Tour de France bringt ús yn Normandië. By it plakje Brix stiet Chateau Le Val. It hie fiif jier te keap stien doe't Karin Twijnstra en Johan Franssen it kochten, dat wie yn 1996. Se ha it kastiel opknapt (in klus fan jierren, komt gjin ein oan) en der apparteminten yn makke foar de ferhier.
http://www.chateauleval.com/

*

  • Karin Twijnstra

De bûtenkant fan it kastiel wie prima, mar fan binnen moast der in soad opknapt wurde. 'Moatst it bytsje by bytsje dwaan'. Karin is net ien fan it meitsjen fan in plan, se docht it mear op gefoel. 'Wat it earst moat pak ik earst oan'. De autentike eleminten binne safolle mooglik yn stân hâlden. Dus gjin strakke treppen, mar útsliten treden. De ynrjochting ha se yn de rin fan de jierren sammele. Alde bêden yn de styl fan Louis XIV, koperen kandelers, gobelins, keamers mei in eigen kleur; alles meimekoar jout in histoaryske sfear.

*

*

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)