Buro de Vries fan 13 jannewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

In jier lyn waard in part fan it eilân by Goaiïngahuzen ûnder wetter setten, hoe leit it terrein der no by?
Cor Waringa, oer it libben fan Pieter de Jong, de man sûnder fuotten
Underweis, weryn in klokkemakker de tiid net belangryk fynt
en we stean stil by de stilte....

In gefjocht tsjin de eleminten, beferzen teannen, blyn fan de snie, grinzen waarden ferlein om de einstreek te heljen. We gean werom nei de âlvestedetocht fan 18 jannewaris 1963. Fierder de kollum fan Bert Looper en we slute ôf mei de minút fan Nyk.

In jier letter

Ferline jier om dizze tiid hinne hie Fryslân (krekt as Grinslân) in soad lêst fan heech wetter. In part fan It Eilân bij Goaiïngahuzen waard ûnder wetter set. Yn ien dei ûntstie der in grutte mar. We gongen werom nei it plak dêr't it wetter ynlitten waard en fregen ús ôf oft it ek gefolgen hân hat foar de natuer.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Pieter Piers de Jong.

De stilte...

Jannewaris is de moanne fan de 'spiritualiteit' en de stilte stiet dit jier sintraal. Buro de Vries giet op syk nei stilte en bedarret mei pastoor Sipke Draisma yn de Sint Michael tsjerke fan Harns.

Underweis (1649)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy earne by it Prinses Margrietkanaal.

De kollum

Alle sneinen yn Buro de Vries in stevige kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

De âlvestedetocht fan 1963

In gefjocht tsjin de eleminten, beferzen teannen, blyn fan de snie, grinzen waarden ferlein om de einstreep te heljen. It pakt ús altyd wer, de ferhalen oer de âlvestedetocht fan 1963. Dy barre tocht dêr't mar in lyts ploechje riders de finish fan helle. Werom nei 18 jannewaris 1963.

De minút fan Nyk

Fan hjoed ôf in nije man oan it Buro. Skriuwer Nyk de Vries makket ultrakoarte ferhaaltsjes. Hjoed: 'High Class Chick'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)