Buro de Vries fan 13 april 2014, 11:00

* Foto's fan de tún * Joadske famyljes yn Ljouwert (2) * Nijsfoarum * YM * Underweis * Kollum Carolien Roodvoets * Minút fan Nyk

Foto's fan de eigen tún

Meindert van Dyk fan Seisbierrum is as profesjoneel fotograaf benammen aktyf mei natuer- en miljeufotografy. Dê njonken is er ek natuergids en inisjator fan natuerfoto-kuiers. Mar Van Dyk is ek túnfotograaf. Hy rjochtet him dêrby op bedriuwen yn de túnbrânzje en op partikulieren, dêr't er workshops en túnfoto-kuiers foar organsisearret. It Buro socht him op, mei de smartfone yn 'e oanslach op de stân 'foto'...

Mear ynformaasje fine jo op www.natuurfotowandelingen.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Lies ter Heide Boersma.

Iepen Joadske huzen (2)

Buro de Vries jout yn de moanne april omtinken oan it lanlike inisjatyf 'Open Joodse Huizen'. Hjoed de twadde ôflevering yn de rige oer de huzen dy't spoaren neilitte fan de Joadske mienskip yn Ljouwert. Op de Spanjaardsleane 133 wenne de famylje De Jongh. Op 12 november 1942 waard de heit, mei de trije dochters Rachel, Bernardina Henderina en Nicolina, troch de Ljouwerter plysje ophelle. Se gongen mei de trein nei Westerbork en bin sân dagen letter ombrocht yn Auschwitz. Op 17 maart 1943 waard it húsrie út har hûs helle. Mar it hûs lit noch spoaren nei fan de dramatyske tiid.
Peter de Hoo fertelt.

http://www.joodsmonument.nl/page/274008
www.openjoodsehuizen.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1698)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ...Carolien Roodvoets

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch relaasjeterapeut Caroelin Roodvoets.
www.carolienroodvoets.nl

Nijsfoarum

    Ien kear yn 'e moanne skowt it nijsfoarum by ús oan. Under lieding fan René Koster beprate sy it nijs fan de ôfrûne wike(n).

    De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. http://www.nykdev.nl/

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)