Buro de Vries fan 12 oktober 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

* Waai, it goud fan de molke * Tralies, nij boek Freddy Scheltema * Teaterskoalle Meeuw * Hylke Speerstra lêst foar * Kollum Bart Kingma * YM * Minút fan Nyk *

Waai, it goud fan de molke

Op It Hearrenfean wurdt op it stuit in nije tsiisfabryk delsetten. Derneist wurdt in oare fabryk boud, in fabryk dêr't it restmateriaal fan molke ferwurke wurdt, de waai. De status fan waai is de lêste jierren 100 prosint omdraaid: wisten we earstiids net wat we der mei moasten, no wurdt it wol neamd: 'it goud fan de molke'. Op ferskillende flakken wurdt ûndersyk dien nei de mooglikheden fan waai. Lektor Sûnes en Foeding oan Van Hall Larenstein, Feike van der Leij, is ynteresearre yn it aaiwyt.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sikke Oostenbrug.

'Tralies' ûnderfinings fan in finzenisbewarder

Sneintemiddei wurdt it tredde boek fan Freddy Scheltema presintearre. Nei syn debútroman De Reüny, oer in rockband, en 'De Keet fan Annawâld' oer in jongereinkeet yn in doarp, giet Scheltema no op in hiele oare toer. Hy hat in boek skreaun oer syn ûnderfinings as finzenisbewarder.

Hylke Speerstra lêst foar

Hylke Speerstra komt ynkoarten mei in nij boek: 'Op klompen troch de Dessa'. Speerstra hat ferhalen fan âld Ynje-striders optekene. Yn de moanne oktober alle sneinen in fragmint út ien fan dizze ferhalen.

Kollum fan Bart Kingma

Bart Kingma is televyzjeprogrammamakker by Omrop Fryslân en skriuwer, ûnder oaren fan kollums yn it tiidskrift "de Moanne". De kollum fan hjoed mei as titel "Columbus" ferskynt ek op www.demoanne.nl

It sukses fan de Jeugdteaterskoalle

  • út de foarstelling Hamlet
  • út de foarstelling Don Giovanni
  • Direkteur Hilde Mulder fan de jeugdtéaterskoalle

We liezen opfallende koppen yn de regionale kranten doe't de foarstelling Hamlet fan produksjehûs Meeuw ferline jier novimber yn premjêre gien wie. Stik foar stik laaiend entûsjaste kritiken. Dat wie net ferwûnderlik, want eins alle stikken fan Meeuw wurde goed ûntfongen. Mar Hamlet stuts dêr noch boppe-út. It rôp de fraach op wat de minsken fan Meeuw, en dêroan fêst de Jeugdteaterskoalle, krekt dogge om alle kearen wer mei in goede foarstelling te kommen. In blik yn de wrâld fan it jeugdteater yn Fryslân.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Fiif foar tolven.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)