Buro de Vries fan 12 maaie 2013

  • Spiler wurdt laden

Dizze snein skoot it nijsfoarum wer oan by it Buro, se beprate it nijs fan de ôfrûne wike.

Natoer

Focko Zwanenburg fan Beetstersweach is wei fan syn swarte Angus kij. It is in hobby en hy ferkeapet it fleis fan dizze Skotse fleiskij oan leafhawwers en koks. Angus kij stean tichtby de natoer en jo moatte op jo iepenst wêze as se in keal ha.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ant Rienks.

Kultuer

Skulptueren en natoer, dy kombinaasje biedt byldetún La Lanka, by De Tynje. Mar dizze wike waarden se konfronteerd mei in keunstrôf. Alve bylden wiene fan de sokkel helle. Inger Duits en Rien Suykerbuijk oer har passy foar keunst en fansels oer de takomst fan de byldetún.

Sjouke Lousma Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum

De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Nijsfoarum

    Ien kear yn 'e moanne beprate wy hjir oan it Buro it nijs fan de ôfrûne wiken.

    Minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Spikers.
    http://www.nykdev.nl/

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)