Buro de Vries fan 12 juny 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Pompeblêdwytsnút libel

* In passy foar libellen * Yn Memoriam: Klaas van der Wal * Noch ien konsert yn it Heech, Ferwert * Sjouke Lousma ûnderweis yn Boalsert * Tet Rozendal oer Hidaard * De lêsklup oer 'de Achttjin' fan Aggie van der Meer * Wyns, it 7e doarp fan De Trynwâlden.

Natoer is in boek, mar do moast de taal leare te begripen

  • Pompeblêdwytsnút libel
  • Petgat Brandemar

Peter de Boer is fassinearre troch libellen. Al mear as 15 jier docht hy ûndersyk, jout hy kursussen en is oprjochter fan De Hynstebiter, de libellewurkgroep. Dizze wike wie hy noch by ús yn it nijs omdat de pompeblêdwytsnút libel sûnt lange tiid wer sjoen is yn Fryslân. Hy naam ús mei natoergebiet De Brandemar yn en joech ús in lyts ynkykje yn syn libelwrâld.

Yn Memoriam: Klaas van der Wal

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet hy it libben fan Klaas van der Wal oer.

Húskeamerkonserten yn Ferwert ferhúzje nei Koarnjum

  • In konsert yn 'it Heech'
  • Saskia Laroo yn 'it Heech'
  • Robert Jan Stips yn 'it Heech'

It húskeamerteater fan Bob de Boer yn Ferwert, ferhuzet nei Koarnjum. Yn it teater, mei de namme it Heech, is 17 juny it lêste konsert, fan jazz-musikus Saskia Laroo. Reden foar it Buro om ris te freegjen nei it hoe en wêrom. No hat Bob de Boer jierren lyn by de Omrop wurke, dus de ûntfangst en it ynterview wie frijwat amikaal.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

De kollum fan Tet Rozendal

Tûzenpoat Tet Rozendal sjongt, spilet en skriuwt. Foar Buro de Vries skriuwt se ien kear yn de moanne in kollum.

De lêsklup

  • Lêskluplid Annelies van der Goot
  • Lêskluplid Jan Hessel Kooij
  • Lêskluplid Annet Huisman

De lêsklup bestiet út Annelies van der Goot, Jan Hessel Kooij en Annet Huisman. De trije leden hawwe elk in saneamde 'eigen kar' meinommen. In boek dat har yn de besnijing holden hat. Foar Annelies is dat Karateslag/Minna zoekt oefenruimte fan Dorthe Nors. Jan Hessel praat oer Overal Vogelzang fan Evie Wyld en Annet wie ûnder de yndruk fan "Een klein leven" fan Hanya Yanagihara.

Alle trije leden hawwe de nijste roman fan Aggie van der Meer lêzen: 'de Achttjin'. Se diskusearje oer dit nijsgjirrige boek fan de ûnderwilens 89-jierrige skriuwster út Boalsert.

Us Doarp: Wyns

  • It pontsje by Wyns

Oentsjerk, Gytsjerk, Tytsjerk, Ryptsjerk, Aldtsjerk, Mûnein en Readtsjerk.., we spane dêr as Buro sûnt augustus al om. Sân doarpen dy't mei-inoar de regionamme 'De Trynwâlden' drage. Of ferjitte we der ien? Heart Wyns der ek noch by? Dan soene it der acht wêze... Gelokkich, it mystearje is oplost: Wyns heart der formeel wol by, mar fan âlds binne it dochs sân doarpen. Oant 1953 hearde Mûnein by Oentsjerk en krige dus pas letter de doarpsstatus. Benijd oft we yn de ien-nei-lêste ôflevering fan Us Doarp noch wolkom binne yn dit Trynwâldster doarp oan de Dokkumer Ie.

12:07 - Julien Clerc - Elle Voulait
12:14 - Kungs Vs. Cookin On 3 Burners - This Girl
12:41 - Robert Long - Nou, En
12:44 - Stevie Wonder - For Once In My Life
12:53 - Grytz & Grize - Sei Age

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)