Buro de Vries fan 12 july 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer yn Buro de Vries: Jubilea en Friezen yn Frankryk. Hjoed mei de 100-jierrige Cornelia Stifting yn Beetstersweach en yn Frankryk binne we oankommen yn Normandië, yn it doarpke Brix bringe we in besite oan Chateau le Val.

Jubilaris: Cornelia Stifting 100 jier

  • Gerrie Eikelboom, foarsitter Ried fan Bestjoer Revalidaasje Fryslân

2015 is foar in soad ferienings en ynstânsjes reden foar in feestje. Buro de Vries portrettearret alle wiken ien fan har. Hjoed de 100-jierrige Cornelia Stifting fan Beetstersweach. Cornelia van Lynden, in Frysk famke fan adel, libbe fan 1860 oant 1880, se waard krekt tweintich. Har namme is foar altyd ferbûn oan Revalidaasje Fryslân. Want de erfenis gong net nei de famylje, mar waard ûnderbrocht yn de Cornelia Stichting, in fermogensfûns dat alle jierren in grut bedrach beskikber stelt foar goede doelen.

Cornelia van Lynden

  • Hûs Lyndensteyn yn Beetstersweach

De famylje Van Lynden wenne yn Den Haach, mar wie regelmjittich te finen op Lyndenstein yn Beetstersweach. De famylje die in soad oan woldiedigens, mar it wie benammen Cornelia dy't har it lot fan sike bern yn dizze doe earme regio oanluts. Mar krekt it kontakt mei sike minsken waard har fataal. Yn 1880 is se ferstoarn oan TBC, 20 jier âld.

De Cornelia Stifting en Revalidatie Friesland

  • Anton van Renssen - auteur fan it boek 'In naam van Cornelia'
  • Rintmaster Anton Bergsma fan de Cornelia Stichting

Foar it jubileum hat Anton van Renssen in boek skreaun oer dizze bysûndere frou. Fierder komme oan it wurd: âld minister Wim Deetman, foarsitter fan de Cornelia Stifting, Gerrie Eikelboom, de foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Revalidaasje Fryslân en rintmaster Anton Bergsma.

Friezen yn Frankryk (3): Karin Twijnstra en Frans Thijssen

  • Karin Twijnstra

Karin Twijnstra en Frans Tijssen wennen yn Snits en hienen in administrative baan. Karin fertelt dat se altyd al nei it bûtenlân ta woe. Har dream wie in lyts pleatske sadat der ek plak wie har Fryske hynders. De makeler wiisde har op Chateau le Val, in lyts kastiel dat al in jier as 5 à 6 leech stie. Se seagen beide dat der wat fan te meitsjen wie. Njonken dat Karin de Frânske taal goed kin hat se ek in toeristyske oplieding hân. En sa begûn har aventoer as kastielhear- en frou yn Normandië, dat wie yn 1996.

Chateau le Val

  • Chateau le Val

De bûtenkant fan it kastiel wie prima, mar fan binnen moast der in soad opknapt wurde. 'Moatst it bytsje by bytsje dwaan'. De autentike eleminten binne safolle mooglik yn stân hâlden. Dus gjin strakke treppen, mar útsliten treden. De ynrjochting ha se yn de rin fan de jierren sammele. Alde bêden yn de styl fan Louis XIV, koperen kandelers, gobelins, keamers mei in eigen kleur; alles meimekoar jout in histoaryske sfear.

In jier letter

    Alles is noch by it selfde yn Brix op Chateau le Val. Karin en Frans hoopje ek dizze simmer wer wat Friezen te ûntfangen.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)