Buro de Vries fan 12 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Simmer yn Fryslân! En wêr kin je simmers better wêze as op in eilân? It Buro kiest net foar de grutte Waadeilannen, mar foar de lytsere, ûnbekende eilantsjes yn de binnenwetters fan Fryslân. Hjoed ferkenne we de Gouden Boaium, in paradys foar greidefûgels.
Detektives dogge it goed op TV. Yn it rike radio-argyf fan Omrop Fryslân fûnen we ek sa'n hearlike Fryske detektive: Thomas Taktyk. Fan 't simmer stjoere we ien fan dizze harkspullen út: Goud op it Oerd.
Fansels is Sjouke Lousma wer fan de partij en fersoarget Cor Waringa de rubryk YM.
De twadde oere is wer in Sweedsk oerke. Op ús rûnreis by Fryske emigranten del, binne we oankommen yn Stockholm. Hjir wennet Rimada Langhout mei har gesin. Rimada jout les oan de Nederlânske skoalle.

De Gouden Boaium

Op syk nei eilantsjes yn de binnenwetters fan Fryslân binne we hjoed oankommen yn it buorskip Smelbrêge, boppe Wâldsein. Hjir stappe we by boskwachter Sjoerd Bakker yn de roeiboat. Hy bringt ús nei de Gouden Boaium, in eilân oan de râne fan de Hegemermar.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries

Thomas Taktyk

Hâlde jo ek sa fan trillers en misdiedsearjes? Hearlike kost foar de simmer. It Buro stjoert dêrom fan 't simmer in Fryske detektive út de jierren '70 út: "Goud op it Oerd". Resjersjeur Thomas Taktyk is op It Amelân...
Hear hoe't it fierder giet yn ôflevering 2: In geheimsinnich farrensman.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Juf op de Nederlânske skoalle yn Stockholm

Sweden-Skotlân-Sweden, dat is de rûte dy't Rimada Langhout en Jan Mulder de ôfrûne sân jier dien ha. Jan is neurowittenskipper en dat bringt wolris in ferhuzing mei him mei. Hy is ferbûn oan it Karolinska ynstitút, jim witte wol, fan de Nobel-priis. Rimada jout les oan de Nederlânske skoalle yn Stockholm. Yn Sweden stean bern sintraal, en sa as Jan Mulder seit: "Kinderen zijn heilig hier". Prestaasjes binne op skoalle minder belangryk, it giet om de ûntwikkeling fan it bern. Der wurdt in soad boarte en it bern bepaalt foar in grut part de lesstof. It liket soms hiel frijbliuwend mar neffens Rimada binne se, op 18-jierrige leeftiid like fier as bern yn Nederlân. Kreatyf tinken wurdt ûntwikkele en dat sjocht Jan werom by syn studinten.

It folsleine earste oere

Alle reportaazjes fan it earste oere efterinoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)