Buro de Vries fan 12 april 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* De dynamyk fan de Boschplaat * Yn Memoriam: Tjitte de Jong * It nije Fryske Lieteboek * Sjouke Lousma ûnderweis op it Noarder Begraafplak yn Ljouwert * De kollum fan Anje Wester-Koopmans * De molkestaking yn 1943 en it keihurde antwurd fan de Dútske besetter * Eelke Lok syn persoanlike blik yn it omrop argyf *

De dynamyk fan de Boschplaat

De Boschplaat op Skylge is in bysûnder natoergebiet. In grut part fan it jier is it mar beheind iepen foar it grutte publyk om de briedende fûgels net te fersteuren. Fûgelwachters hâlde it gebiet yn de gaten. Steatsboskbehear beheart it gebiet, dat hielendal eastlik op it eilân leit.
Ynformaasje oer de Boschplaat is te finen op de site fan steatsboskbehear: www.staatsbosbeheer.nl

Yn Memoriam: Tjitte de Jong

Buro de Vries fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Cor Waringa, earder dûmny op de Jouwer, skriuwt alle wiken in yn memoriam. Hjoed eidet er it libben oer fan Tjitte de Jong, berne yn Berltsum.

It nije Frysk Lieteboek is klear

It Frysk Lieteboek is klear. Yn de grutte tsjerke yn Ljouwert wurdt sneon 18 april dit sjong-, bid- en ynspiraasjeboek foar tsjerke en thús offisjeel presintearre. Der is jierren oan wurke troch tal fan tekstdichters ûnder redaksje fan Jan Breimer, Bob Pruiksma en Cor Waringa. By de presintaasje wurdt fansels ek in soad songen, en in ad hoc-koar sil dêr by helpe. Doe't dat koar ûnder lieding fan Bob Pruiksma oan it oefenjen wie, seagen wy fan 'It Buro' al fêst om it hoekje.....

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma treft ûnderweis nijsgjirrige minsken. Dizze kear is er op it Noarder Begraafplak yn Ljouwert.

De kollum fan Anje Wester-Koopmans

De kollum komt fan Anje Wester-Koopmans, ûndernimster út Earnewâld.

De molkestaking fan 1943

Op 30 april 1943 bruts yn Fryslân en op oare plakken yn Nederlân in wurkstaking út. Yn Fryslân stiet dizze staking bekend as de "molkestaking". Arbeiders leine it wurk del en de boeren leveren gjin molke oan it fabryk. De Dútsers reagearden wreed, it "Standrecht" koste in soad Friezen it libben. Ien fan har wie de Gordykster ûnderwizer Jan Eisenga. Roel fan der Heide fertelt oer Jan Eisenga en syn frou Tsjitske de Groot. Ek fragminten út brieven fan Jan en it deiboek fan Tsjitske binne te hearren. Earst komt Reinder Politiek fan Kimswert oan it wurd. Hy makke as lyts jonkje mei hoe't syn heit oppakt waard.

Op snein 26 april fertelt Roel T.van der Heide mear oerJan Eisenga.
Plak: Museum Opsterlân
Tiid: 15:00 oere

Boeken
"Een vrije geest tot zwijgen gebracht" troch Roel T. van der Heide. Utjûn bij Bornmeer.
"Tjitske's deiboek". Utjûn bij Bornmeer.

it wie...... 1976

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline. We dûke mei Eelke it Omrop argyf yn en gean werom nei 1976. De kwestje 'Plan A of Plan D' spile en hold de befolking fan Noardwest Fryslân yn de besnijing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)