Buro de Vries fan 11 septimber 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Nyk de Vries
  • In filiaal fan Jan Sikkes

In petear mei Jannewietske de Vries en har broer Anne Jochem. As deputearre helle Jannewietske Kulturele Haadstêd 2018 nei Fryslân. Mei it ferlies fan de PvdA by de lêste ferkiezings, kaam se net werom yn de Steaten. Op it stuit is se algemien direkteur fan de Floriade 2022. Har broer Anne Jochem is direkteur fan Sport Fryslân en ûnder oare foarsitter fan de Slachte.
Ut it argyf hellen we in moai dokumint oer "de lapkes fan Sikkes", in ôflevering fan Sjouke Lousma ûnderweis en in koart ferhaal fan Nyk de Vries.

Broer en sus de Vries

'Ik fielde my suver yn de steek litten', dat wie Jannewietske de Vries har earste reaksje nei de ferkiezingsnederlaach foar Fryske Steaten. Se wie acht jier deputearre yn Fryslân en woe stomme graach noch in perioade troch. Al wie it mar fanwege Ljouwert, Kulturiele Haadstêd 2018. Se praat der iepen oer yn in dûbelpetear mei har broer Anne Jochum. Hy is direkteur fan Sport Fryslân en wol Fryslân letterlik yn beweging krije. Beide prate iepen oer it waarme nêst dêr't se út komme, mar ek oer de teloarstellings dêr't se mei te meitsjen krigen. En wat se dan oan inoar ha. Fierder fertelt Jannewietske de Vries hoe't se mantelsoarger is foar har heit en hoe't fia har partner, wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert, it kolleezje dêr in Fryske ympuls krige.

In lapke fan Sikkes

Yn 1934 sette Jan Sikkes útein mei in winkel yn Warkum. Hjoed-de-dei bin der yn alve plakken winkels fan Sikkes. Soan Frâns folge syn heit Jan op en mei him makken we yn 1997 it programma 'In lapke fan Sikkes'. Frans Sikkes is yn 1999, goed twa jier nei dit ynterview ferstoarn. Hy waard 65 jier.

Sjouke Lousma Underweis

Sjouke Lousma ûnderweis wie jierrenlang in fêst ûnderdiel fan ús programma. Tafallige moetings, petearen oer deistige saken, faaks tige werkenber. Dizze komt út 2011, yn in lyts doarpke by Dokkum.

Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makke in pear jier lyn hiele koarte ferhaaltsjes foar ús. Oflevering: Taart.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)