Buro de Vries fan 11 oktober 2015 11:00

Chris Braat, nije distriktbehearder fan it Waadgebiet fan Natoermonuminten * YM Tine Vegter * Jeugdhulp Friesland siket pleechgesinnen: op besite by de famylje Wolters yn Burgum * Sjouke Lousma Underweis * kollum Tjalling van der Goot * De Lêsklup oer 'Pier' fan Willem Schoorstra * Us Doarp 5 *

'Op Gryn binne fûgels wichtiger as minsken'

Ferline wike mocht it Buro in dei mei nei it ûnbewenne eilân Gryn yn de Waadsee. Natoermonuminten beheart dit eilân en de nije distriktbehearder - Chris Braat - kaam dy kear foar it earst op Gryn. In moaie gelegenheid om mei him yn de kunde te kommen.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tine de Jong-Vegter fan It Bilt.

Salang as it mear enerzjy opleveret as dat it kostet, kin it út

Jeugdhulp Nederland siket pleechgesinnen en is derom úteinset mei de kampanje 'supergewonemensengezocht.nl'. Troch it sluten fan bernetehuzen, tehuzen lykas 'Mooi Gaasterlân', is it tal pleechgesinnen de lêste jierren ferdûbele. Op it stuit sitte yn Fryslân 750 bern yn de pleechsoarch, ferdielt oer sa'n 500 oant 600 gesinnen. Mar der binne mear gesinnen nedich.
Buro de Vries wie te gast by de famylje Wolters yn Burgum. Sy ha de ôfrûne acht jier likernôch 20 bern opfongen, foar koarte of langere tiid. We prate mei mem Alie, dochter Maaike en pleechsoan Kevin. Fierder sit oan tafel Janne Struiksma fan Jeugdhulp Friesland.
http://www.jeugdhulpfriesland.nl/
https://www.supergewonemensengezocht.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis

Underweis yn Fryslân komt Sjouke Lousma altyd nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er dan in praatsje mei makket.

Kollum Tjalling van der Goot

De kollum komt dizze wike fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker & Anker. http://www.ankerenanker.nl/

De lêsklup besprekt 'Pier'

De lêsklup is werom by Buro de Vries. Mei trije fanatike lêzers sil der ienris yn de twa moanne in boek besprutsen wurde. Boppedat ha alle leden ek in persoanlike kar fan in boek dat se besprekke. De lêsklup bestiet út Jan Hessel Kooij út Snakkerbuorren, Bert René Luimstra út Grins en Annelies van der Goot fan Ljouwert. It earste boek dat de klup mei-inoar besprekke sil is 'Pier' fan Willem Schoorstra. Dizze histoaryske roman giet oer de lêste fiif jier fan it libben fan Grutte Pier, de frijheidsstrider dy't fan 1515 oant 1520 focht foar in frij Fryslân. Boppedat de persoanlike kar. Annelies van der Goot sil Wie storm zaait fan J. C. Boyle besprekke. Bert René Luimstra hat it oer 'Hieronimus' fan Marcel Ruijters en Jan Hessel Kooij fertelt oer Schemer fan William Gay.

Us Doarp (5)

Yn de rige Us Doarp bin we alle wiken yn De Trynwâlden. Tal fan inisjativen moatte der foar soargje dat de doarpen dêr leefber bliuwe. Mar hoe kom je wêr't je wêze moatte, as je gjin eigen ferfier ha? Yn De Trynwâlden ha se dêr in moaie oplossing foar: de Skewiel Mobyl. In elektryske auto mei in frijwilliger as sjauffeur dy't jo foar in euro ophellet en thúsbringt. Wy ride hjoed mei om Astrid op te heljen. Se wennet yn soarchpleats It Lijsket en wurket op de deibesteging by Heemstra State. Dat is net sa fier, mar foar Astrid - dy't efter in rollator rint- is it in útkomst dat se helle en brocht wurdt.

12:10 - Tim Knol - Sam

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)