Buro de Vries fan 11 jannewaris 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Damharten yn Ketliker Skar * Tekeningen en skilderijen fan Frans Andringa * YM Fokke van der Meulen * Underweis (1718) * Kollum Anje Wester * Ald-bergingsoffisier Gerrit Jan Zwanenburg * Nyk de Vries

Op syk nei it damhart

Nije wike snein organisearret it Fryske Gea in ekskurzje troch it Ketliker Skar. Mei gids Riemer van der Lei giet men dan op syk nei de Skotse Hooglanders en de damharten dy't yn dat gebiet libje. Mei Van der Lei ferkenden we alfêst de rûte, yn de hoop damharten te sjen. De ekskurzje is nije wike snein, fan 10 oant 12 oere. Opjaan kin op de site fan it Fryske Gea. http://www.itfryskegea.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Fokke van der Meulen.

Tekeningen en skilderijen fan Sjoerd Andringa

Hy wie de bekendste parsefotograaf fan Fryslân: Sjoerd Andringa. In markante ferskining: altyd in flinterstrikje foar, ridend yn in wite sportauto en in keukentrepke by him. Yntusken is er 93 jier en wennet er yn in fersoargingstehûs. Andringa wie net allinne fotograaf: hy filme ek in protte én hy tekene en skildere. Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert en yn Tresoar is no in eksposysje mei syn teken- en skilderwurk. Skoansoan Rienk Terpstra naam it inisjatyf foar dy tentoanstelling.

By de eksposysje is ek in boek ferskynd mei foto's fan alle eksposearde tekeningen en skilderijen. It is te keap by it HCL en by Tresoar. Foar de iepeningstiden fan de tentoanstelling moat je even op de site sjen: www.historischcentrumleeuwarden.nl of op www.tresoar.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1718)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum

De kollum komt dizze snein fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster yn Earnewâld.

"Ik ha wat werom dwaan kinnen"

  • Gerrit J. Zwanenburg
  • Ridder Orde Oranje Nassau / ûnderskieding as Ynje-gonger / Member of the British

Nei de Twadde Wrâldoarloch is der noch hiel lang socht nei fleantúchwrekken, ek om, sa mooglik, neibesteanden dúdlikheid te jaan oer it lot fan har neisten. Ald-Harnzer Gerrit Jan Zwanenburg wie sa'n bergingsoffisier.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Ik dûkte yn in baai
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)