Buro de Vries fan 11 augustus 2013

FREONSKIP
It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Dizze wike mei prof. Theunis Piersma en syn freon Klaas Sietse Spoelstra. Se prate graach oer de takomst fan Fryslân yn termen fan kânsen en sykje ferbining tusken natuer en kultuer. Se kin elkoar noch net salang, mar ha no al in tige hechte freonskip.

Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Theunis Piersma en syn bêste maat

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

In leske Sweedske skiednis

Aaldert en Alie de Boer nimme ús mei nei Uppsala, in studintestêd mei twa grutte universiteiten. Fan de 185.000 ynwenners binne der 40.000 studint. Aaldert wit in protte fan de skiednis fan de stêd en de streek. Sa lit hy ús ûnder oare de grêfheuvels by Galma Uppsala (âld Uppsala) sjen fan wol 1500 jier âld.

Om har studinten in thús te jaan ha hast alle provinsjes in eigen studintehûs yn Uppsala (is yn mear studintestêden sa). Sweden is in grut lân. Eartiids koenen studinten net samar even nei hûs. It hûs fan de provinsje wie in soarte fan thús fier fan hûs. Net in útwenne studintehûs mar in klassyk gebou mei 'grandeur'. Studinten bestjoere dit hûs, se nimme dan in jier frij fan harren stúdzje. It kostet in jier mar stiet goed op har C.V.

De grutste katedraal fan Sweden stiet yn Uppsala. As we binnen komme hearre we it koar repetearjen. Koaren binne hjir genôch. Kultuerûnderwiis lykas muzyk, sang en dûns wurdt stimulearre en kostet net folle. Aaldert fertelt dat de biskop moarn by har yn 'e tsjerke fan Knivsta komme sil en dat hy op it oargel spylje sil. Hiel spesjaal en we binne dan ek benijd nei syn keunsten. Letter nimme Alie en hy ús mei nei har tsjerke en spilet Aaldert foar ús in stikje.

(advertinsje)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)