Buro de Vries fan 10 novimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Tips, op- of oanmerkings? We hearre se graach. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Leafhawwers fan Skylge kin Dellewal rêde

De baai Dellewal by West-Terschelling is miskien wol it meast fotografearre plakje fan Skylge. It dûn sels en it sicht op haven, doarp en Waad is unyk. Mar Dellewal wurdt bedrige. Earst troch hotelbou en no fanwege plannen foar huzen. Dat moat keard wurde, fynt de Stichting Natuurherstel Baai Dellewal. Mei crowd-funding moat der 2,1 miljoen euro op it kleed komme om it gebiet as stifting te keapjen.
It Buro beklom it dún en trof dêr Skylger Freek Zwart en Marleen Zorgdrager fan de stifting.

No woansdei hâldt de stifting Baai Dellewal in ynformaasjejûn foar eilanners en oare belangstellenden yn de Stay Okay op Skylge. Mear ynformaasje oer de plannen en it folsleine lied fan 'De Mannen van Hee' is te finen op www.baaidellewal.nl

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Hindrik de Jager, de Wâldpyk dy't mei Doris Day dûnsje woe.

"De Advokaat, de Hond en....de vreemdeling"

Hy waard yn 1951 berne, yn it Koerdyske part fan Irak. Freeyad Ibrahim wurke letter as dosint yn Arabysk Ingelse letterkunde. Nei't er nei Nederlân flechte wie, kaam er terjochte yn Fryslân. Foar him wie alles nij en oer wat er meimakke skreau hy kollums. "De Advokaat, de Hond en....de vreemdeling", is it twadde boek fan syn hân. Buro de Vries socht him op op It Hearrefean.
http://www.calbona.nl/boekwinkeltje/maatschappij/item/245-de-advocaat-de...

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan...Bert Looper

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan it Frysk histoarysk en literêr sintrum Tresoar.
www.tresoar.nl

Fyzjes op it nijs

    Ien kear yn 'e moanne debattearje we oer it nijs mei in tal gasten. Hjoed mei Klaas Sietse Spoelstra, Saakje Mulder en Otto van der Galiën.

    Minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Rekreaasje.
    http://www.nykdev.nl/

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)