Buro de Vries fan 10 maaie 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Krûdige grieden; gjin antibioatika * YM * Kwartettekoar bringt 'Ruth"* Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Anje Wester Koopmans * Nijsfoarum * Eelke Lok sjocht werom op ...*

Krûdige greiden; gjin antibioatika

It lân kleuret op 't heden giel fan hynsteblommen. De 80 melkkij fan de "Graasboerderij" yn Sondel frette der smaaklik fan. It binne sûne kij, se sykje sels de krûden dy't se nedich ha. En doe't it ferline wike folle moanne wie, waarden der mar leafst 10 kealtsjes berne. Tiid om te buorkjen mei Sierd Deinum en Joke Ensing.
www.graasboerderij.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sieger Beukens fan Nijemardum.

It kwartettekoar en 'Ruth"

  • Hindrik van der Meer

It sil it lêste grutte projekt wurde fan musikus Hindrik van der Meer: de Fryske musikal Ruth. Ruth is basearre op it âlde Joadske ferhaal oer leafde, honger, flechtsje en kieze. De Fryske oersetting fan Folkert Verbeek slacht yn de musikal mei muzyk, dûns, film, lûd en ljocht in brêge nei ûnder mear de aktuele bêd, bad en brôchje-diskusje. Takom wykein wurdt it stik trije kear spile yn De Lawei yn Drachten. Wy wienen earder dizze wike by in repetysje.
Kaarten binne te krijen by De Lawei.
https://itkwartettekoar.wordpress.com/2014/09/07/wolkom-op-de-weblog-fan...
http://www.lawei.nl/agenda/2926//Musical_Ruth_fan_it_Kwartettekoar/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn de ôflevering fan hjoed giet it oer toanielspyljen en de 'reizende ram'.

It Nijsfoarum

Ien kear yn 'e moanne beprate we it nijs fan de ôfrûne tiid. Mei de fêste foarumleden Winni Weidenaar (kreatyf ûndernimmer en oanjager) en Romke Postma (eigener autobedriuw yn Damwâld) en in gast.

It wie ...

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline. Hjoed: de Olympyske Winterspelen yn 1998 yn Nagano.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)