Buro de Vries fan 10 july 2016 11:00

Yn ús simmerrige prate we mei twa famyljeleden, in duo mei in sterke bân, mar mei ferskillende dreamen. Hjoed mei Harm en Pieter de Kroon. Harm de Kroon wie jierren direkteur-sikretaris fan respektyflik Friese Mij en NLTO. De jongere broer waard bestjoerder yn de soarch. Hie graach oan de slach wollen by sosjale wurkfoarsjenning Caparis, mar dat wurdt 'm net, en dat docht sear.

Fierder in tal nijskjirrige reportaasjes út ús argyf, lykas it ferhaal fan de bekende Nederlanner dy't fan Amsterdam nei Achlum ferhuze en dêr Sjouke Lousma tsjinkaam. De rêding fan it eilantsje EVA en we ha it oer Geocaching, oftewol skatsykje.

Harm en Pieter de Kroon

Pieter de Kroon hat yn de soarch syn paad mear as skjin fage, twa jier lyn wûn hy noch in ynternasjonale priis foar útsûnderlike prestaasjes. Hy hie graach oan de slach wollen by Caparis, mar dat slagge net. Krektlyn is hy beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch by de KNSB. Aldere broer Harm de Kroon kinne we fan syn tiid by de NLTO en de Friese Mij, letter gong hy de lokale polityk yn. In petear oer boeren, de koers fan de PvdA, Caparis en benammen rjochtfeardigens.

Skatsykje yn Fryslân

In pear wike lyn waard yn Aldeberkeap in nije geocaching-rûte iepene. In rûte by de âlde Fryske Wetterliny del. By geocaching giet it derom dat je mei help fan in GPS saneamde caches oftewol skatten, fine. Trije jier lyn makken wy in reportaazje oer dit doe groeiende fenomeen: geocaching. We praten yn dizze reportaazje mei Bram Molenaar en Willem en Jelly Hooghiemstra.

Geocaching, ek wat foar jo? sjoch op geocaching.com.

Stiennen moatte Eva rêde

Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach, de Fryske eilannen dy't elk kin. Mar der binne mear. In pear jier lyn gongen wy op syk nei de lytse ûnbekende eilantsjes yn Fryslân. Sa stuiten we ek op it ferhaal fan Adam en Eva, twa eilantsjes yn de Snitser Mar. Alteast, it wienen twa, Adam wie der noch, mar Eva drige te ferdwinen yn de golven. Dat moast net, fûnen de manlju fan roeiferiening Den Bealch fan Terherne. Se setten útein mei in rêdingsaksje.
Dy aksje hat fertuten dien. Under oare troch har is it eilântsje Eva rêden. Yn 2015 is it feestlik weriepene. (werhelling fan 05/08/2012)

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma hat hast 1800 ôfleverings fan Underweis makke. Dizze simmer in seleksje hjirút. Lykas ôflevering 1683, weryn Sjouke in bekende Nederlanner treft. (werhelling fan 15/12/2013)

12:55 - Rosenberg Trio - 2 The Night

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)