Buro de Vries fan 10 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Pubers ha meast genôch oan harsels. Sa ek Sabine van den Berg. As har heit beslút him opbouwe te litten ta frou, stiet har wrâld op 'e kop. Se skreau der it boek 'Wissel' oer.
Sjouke Lousma treft twa fiskjende bruorren, se fange neat mar hâlde hoop.
Yn Memoriam giet it it libben fan Antje Tuiten, berne en stoarn op twadde krystdei
en we sjogge yn de friezer fan it natoermuseum.

De kollum komt fan Bert Looper', it nijsfoarum bûcht him oer wat der yn de media foarby kaam ôfrûne wike en Nyk de Vries hat wer in ultrakoart ferhaaltsje.

De friezer fan Natuurmuseum Fryslân

Yn it Natuermuseum Fryslân binne se dwaande mei it ynmekoar setten fan it skelet fan in grynd. Dizze fisk, fan hast 5 meter, is yn 2006 oanspield op Skiermûntseach. Dat is dus hast sân jier lyn. Werom hat it sa lang duorre foardat it skelet klear is om sjen te litten oan it publyk? En leit der miskien noch mear guod dat wachtet om tentoansteld te wurden? It Buro makke in ôfpraak mei konservator Peter Koomen om hjir achter te kommen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Antje Tuiten.

Wissel

Yn it boek "Wissel" beskiuwt Sabine van den Berg út Seisbierrum it ferhaal fan puberfamke Ada. Har transseksuele heit wurdt in frou en Ada, dy't ek frou oan it wurden is, wrakselet mei al har gefoelens. It boek is foar in grut part autobiografysk en Sabine van den Berg hat besocht de geslachtsferoaring fan har heit te beskriuwen fanút it perspektyf fan in bern. Har libben stiet op 'e kop en noch altyd hat se in soad fragen. In oangripend ferhaal oer de striid dy't se hân hat mei de akseptaasje fan har heit as frou, bang om har heit te ferliezen.

Underweis (1653)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn dizze ôflevering treft Sjouke Lousma twa fiskende bruorren, se fange nea wat, mar hâlde hoop...

Kollum

De wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, it Frysk histoarysk literêr sintrum yn Ljouwert.

Nijsfoarum

    Ien kear yn 'e moanne noeget it Buro in tal gasten út om it nijs fan de ôfrûne wike te bepraten.

    Minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ulrakoarte ferhaaltsjes. Hjoed: België.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)