Buro de Vries fan 10 augustus 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.
By fersin binne de ôfleverings fan ferline wike en dizze wike omwiksele. It oere oer freonskip mei Lutz Jacobi en Wietske Wiersma is sneontejûn te hearren tusken 22:00 en 23:00 oere. De ôflevering oer de famylje De Boer yn Frankryk wurdt sneintejûn útstjoerd tusken 22:00 en 23:00 oere.

Freonskip: Lutz Jacobi en Wietske Wiersma

We freegje dizze simmer bekende Friezen wa't harren bêste freon of freondinne is. Dit oere mei Lutz Jacobi. Lutz Jacobi kinne je foaral as lid fan de PvdA-Twadde Keamerfraksje. Koartlyn melde se har as gadingmakker om PvdA-listlûker te wurden by de ferkiezings foar de provinsjale steaten fan Fryslân. No hear je faak dat men yn de polityk makliker fijanen makket as freonen, dat we wiene benijd nei Luts Jacobi's bêste freon. Dat is Wietske Wiersma. De froulju kinne mekoar al 40 jier, dus fan fier foar de politike karriêre....

'Friezen thús yn Frankryk'

We binne oankommen yn it departemint Tarn et Garonne. We sjogge in gloaiend lânskip mei benammen bouboeren. Hjir wennet de Stellingwerver famylje De Boer. Jan en Henny de Boer hienen in grut feebedriuw yn Steggerda. Om ferskillende redenen, ûnder oare dat it bedriuw op slot siet, sochten se ein jierren '90 wat oars. Earst ha se op syk west nei in feebedriuw. Ien kear wienen se der tichtby, mar op it lêste momint gong de keap net troch. It bedriuw by Lavit de Lomange spruts de famylje dalik oan. In ikkerboubedriuw mei sa'n 110 hektare grûn. Yntusken is it mear as 200 hektare grut.

.

*

Roelof en syn jongere broer Jan Job ha beide de lânbouskoalle yn Wolvegea dien. Roelof hat altyd boer wurde wollen, Jan Job hie mear mei de technyske kant, mar in oplieding hjiryn hat hy net hân. Hy kaam yn Grins telâne op de middelbere hotelskoalle. Wurk dat hy ek mei wille die. Roelof en Jan Job wienen beide klear mei skoalle doe't de plannen foar Frankryk rûn kamen. Jongste broer Herwin wie 15 jier en siet noch op skoalle. Herwin wennet no yn Amsterdam. Sûnt in jier is heit Jan út de maatskip. Mem Henny sit mei Roelof en Jan Job yn de maatskip, se is ferantwurdlik foar de boekhâlding

'Buorkje yn de gouden trijehoeke'

Dit gebiet yn Frankryk leit yn de trijehoeke Middellânske See, Atlantyske Oseaan en de Pyreneën. Dêrtroch ûntstiet in luchtstreaming dy't makket dat it hjir poergeskikt is foar it telen fan sied. It leveret in mikroklimaat op mei hast gjin útsjitters. It bedriuw fan de famylje De Boer leit hjir middenyn. Se ferbouwe weed, koalsied en mais foar it sied. Fierder ha se krekt de meloenen plante, ferbouwe se soaja en sinneblommen en as eksperimint dit jier foar it earst teft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)