Buro de Vries fan 10 april 2016 11:00

Fûgels telle yn it Ketliker Skar * YM JIkke Tamminga * Histoaryske kuier De Gaastmar * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Anje Wester-Koopmans * Ald-Boalserter Hylke Bleeker is arsjitekt yn Georgië

"Ik bin hiel bliid dat ik hjir telle mei"

Natoerorganisaasjes lykas It Fryske Gea en Sovon Vogenonderzoek Nederland, wolle witte watfoar fûgels en hoefolle fûgels yn har gebieten sitte. Dit y.f.m. mei it natoerbehear fansels. Dêrom wurde de fûgels teld. Dit wurdt dien troch frijwilligers. Ien fan har is Gerard Tamminga fan It Hearrenfean. Hy telt fûgels yn it Ketliker Skar en wy gongen in moarn mei him mei.

https://www.sovon.nl/
http://www.itfryskegea.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Jikke van der Meer-Tamminga oer.

De skiednis fan De Gaastmar is te finen yn it doarp

Se stean der wer, de 23 panielen yn De Gaastmar mei byld en tekst oer de skiednis fan it doarp. Nei in pear moanne wintersliep fertelle se wer de ferhalen fan de ielaken en de hannel mei Ingelân, de trije skoallen dy't it doarp hie, de doarpsherberch dy't der noch altyd stiet en de mûne dy't ferdwûn is. De doarpskuier 'Rinne troch de tiid' is in kilometer of 3, 4 en rûnom yn it doarp is ek it begeliedende boekje te krijen. Fan it Buro wiene we der by, doe't de panielen fan 'e wike wer pleatst waarden.

Sjouke Lousma ûnderweis (1770)

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze snein is hy op in folkstún by Drachten.

Kollum

De kollum komt hjoed fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster yn Earnewâld.

"Gjinien bout neffens it plan"

Hylke Bleeker fan Boalsert is arsjitekt yn Tbilisi, Georgië. Yn 2007 sette hy ôf nei dat lân doe't kunde sei dat se in arsjitekt as hy sochten. No, njoggen jier letter runt hy in suksesfol lyts kantoar dat filla's, winkelpannen en oare gebouwen ûntwerpt. Fierder stiet hy bûtenlânske ynvestearders by dy't bouwe wolle yn Georgië. Buro de Vries socht Hylke Bleeker op yn de haadsted Tbilisi.

Ekstra: "Nachtboek van een kerkuil"

Yn de útstjoering fan sneintejûn en ekstra reportaazje: "Nachtboek van een kerkuil". Bas van Gelder wie dûmny yn Jorwert yn de oarlochsjierren. Hy skreau dêr in boek oer: Nachtboek van een kerkuil. Yn 1991 joech er dat yn eigen behear út en 2 jier lyn kaam de Friese Pers mei in nije útjefte. Jan Arendz en Marijke Geertsma ha besletten om fan it ferhaal in foarstelling te meitsjen. "Skûlje yn Jorwert". De foarstelling wurdt spile yn de tsjerke fan Jorwert en foarôfgeand oan de foarstelling is der in rûnlieding troch it doarp. Kommende freed giet it stik yn premjêre.
Doe't Nachtboek fan in Kerkuil 2 jier lyn opnij útjûn waard, hat it Buro dêr in dokumintêre oer makke, dy't we jûn werhelje.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)