Buro de Vries fan 1 novimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* 'It spoek by de Skilige Piip' * Yn Memoriam: Appie Postma * Fotografe Lutske Veenstra fan Stiens * Sjouke Lousma ûnderweis yn Balk * kollum Tsjerk Kooistra * It Nijsfoarum * ús Doarp yn Gytsjerk

Folksferhaal harkspul 'it spoek by de Skilige Piip'

Halloween. In fan oarsprong Keltysk feest dat op de jûn foar "allerheiligen" fierd wurdt. 31 Oktober is Halloween, 1 novimber is Allerheiligen. 31 oktober wie foar de Kelten ek âldjiersdei en op 1 novimber begûn it nije jier. De Kelten leauden dat op 31 oktober de geasten fan de ferstoarnen fan dat jier, werom kamen om in libbend persoan mei te nimmen nei it oare jier. Letter fermong dizze tradysje him mei oare tradysjes. Tsjintwurdich assosjearje we Halloween yn Nederlân foaral mei spoeken, heksen en oare grizelige saken. Yn Fryslân kenne we in protte folksferhalen dêr't ek duvels, spoeken en heksen in rol yn spylje. Ien fan de bekendste is "It spoek fan de Skilige Piip". Dit folksferhaal is bewurke ta in harkspul troch Douwe Kootstra.
De stimmen dy't jim hearre:
Monte Huizinga as âld frek, Hinke Wolthuizen as Antsje, Jan Arendz as kastlein en Popke van der Zee as duvelbanner.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Appie Postma, earder skoalmaster yn Jonkerslân.

'Ik wol de kwetsberens fan in minske sjen litte'

Fotografe Lutske Veenstra stiet oan de top fan de Nederlânske moadefotografy. Se is hikke en tein yn Stiens, en doe't se achttjin wie gong se nei de Foto-akademy yn Amsterdam. Underwilens wurket se hast al tsien jier as ûnôfhinklik fotograaf, fanút har wenplak Monnickendam. Se wurket foar de grutste moademerken, magazines en bekende minsken as Victoria Koblenko, DJ Afro Jack en Irene van de Laar. Ek wurket se mei oan televyzjeprogramma's as 'I can make you a supermodel' en 'Model in 1 day'. Ferslachjouwer Botte Jellema gong by har lâns doe't se krekt mei in fotoshoot oan de gong wie.
Lutske Veenstra hat in eigen webside dêr't foarbylden fan har wurk op te sjen binne: www.lutskephotography.com

Underweis yn Balk

Sjouke Lousma treft op in tún yn Balk in man dy't graach de fleantugen wat yn de gaten hâldt. Op in ynternetside sjocht er regelmjittich nei alle fleanbewegings boppe de súdwesthoeke fan Fryslân.

Kollum fan Tsjerk Kooistra oer 'Roekrock'

Teatermakker en kreatyf betinker Tsjerk Kooistra fernuveret him yn syn kollum oer buorden oan de kant fan de dyk....

It nijsfoarum diskusjearret oer it nijs fan de ôfrûne tiid

It nijsfoarum bestiet út eks-PVVer Otto van der Galiën en boerinne Attsje Meekma. Dizze kear skoot ek Anton de Haan oan. Hy is asyladvokaat en hat it smoardrok op it stuit. Fansels wurdt der praat oer de flechtlingen. Mar ek de FYRA, de hannel mei Sina en Halloween komme oan de oarder. Dit alles ûnder lieding fan René Koster.

Us doarp: Gytsjerk

Hoe bliuwe doarpen leefber yn in tiid fan krimp, leechstân en foarsjennings dy't ferdwine? Buro de Vries sjocht alle wiken hoe't se dat yn De Trynwâlden dogge. Dizze kear binne wy te gast yn Gytsjerk, mei sa'n 2350 ynwenners it grutste doarp fan De Trynwâlden. Wat foar doarp is it eins, wat bin de bedrigings en hokker funksje hat Gytsjerk yn de regio? Mei Harmen Bosma fan doarpsbelang meitsje we in slach troch de buorren....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)