Buro de Vries fan 1 maaie 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Jentsje van der Molen en Ed Huisman, frijwilligers fan de KNRM
  • Jakob Hanenburg: "Alle libben begjint mei grien"
  • Rinze Visser
  • Bart Kingma komt op foar de sjoernalist!

Lyts mar bysûnder: planten * YM Baukje Buursma-Beukenkamp * KNRM_manlju helpe twa wike flechtlingeboaten feilich oan lân te krijen yn Grikelân * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum Bart Kingma * Wat betsjút 1 maaie foar Rinze Visser * Us Doarp

'Alle libben begjint mei grien, mei planten'

  • Jakob Hanenburg
  • Jakob Hanenburg sa't hy faak yn it fjild te finen is: op knibbels
  • Yn natoergebiet De Twizelermieden

Fûgels lykas de skries en de ljip. Of bisten lykas de otter of de wrotmûs. Sy komme regelmjittich foarby yn it nijs. Mar de Fryske natoer is mear. Folle mear, mar je moatte it wol sjen! Wat te tinken fan it lytse grut dêr't wy op kuierje, as we asfalt en stien achter ús litte. Lytse plantsjes en moassen. Der binne plakken yn ús provinsje mei soarten dêr't leafhawwers lyrysk fan wurde. Ien fan har is Jakob Hanenburg. Hy iepene sa'n skatkeamer fol seldsume soarten foar Buro de Vries. Mar dêrfoar moasten wy wol de sompe yn....

@JakobHanenburg

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Baukje Buursma-Beukenkamp oer.

'Ik ha noch nea twa sokke heftige wiken meimakke'

Ed Huisman en Jentsje van der Molen fan Ie ha nei de Grykske wetters west om dêr te helpen. Beide manlju binne frijwilliers by de KNRM, de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschappij. Op it eilân Chios ha se har Grykske kollega's holpen by it feilich oan wâl brigen fan boaten mei flechtlingen. Op har eigen KNRM-stasjon 'Titia Visser' op Lauwerseach sjogge we werom op dit heftige avontoer.
https://www.knrm.nl/reddingstations/knrm-reddingstation-lauwersoog

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze snein is hy by it Kazemattemuseum.

Kollum

De kollum komt hjoed fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker by Omrop Fryslân.

'De takomst is foar it sosjalisme, dat kin net oars'

It is hjoed 1 maaie. En snein of net, it is de 'Dag van de Arbeid'. Fanâlds in sosjalistyske feestdei, ek yn Fryslân, mar wol ien dy't syn glâns al lang ferlern hat. Wêr wapperet hjoed noch in reade flage? Wa rint noch mei in reade tulp? Wêr wurdt noch in 1 maaie-taspraak holden? It Buro praat mei miskien wol ien fan lêste echt klassike sosjalisten: Rinze Visser fan De Lemmer. In petear oer 'de gewoane man', politike idealen, en de klassestriid anno no.

Us Doarp 22 "Warbere Mouner"

It is wat apart miskien, mar dit jier krige in ynwenner fan Oentsjerk in ûnderskieding as 'Warbere Mouner': de wurdearringspriis foar minsken dy't har ynsette foar it doarp Mûnein. Piet de Vries fan Oentsjerk is al 20 jier yn it spier foar it doarpskrantsje de " Ut de Twa Doarpen".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)