Buro de Vries fan 1 jannewaris 2017 11:00

Folle lok en seine yn it nije jier! Op de earste dei fan 2017 sjogge wy yn de stjerren: wat hat 2017 foar ús yn petto?

Astrology: lear fan de prosessen

Sijtie Huisman en Margreet Andriol binne astrologen. By astrology wurdt faak tocht oan foarsizzings, mar neffens Andriol en Huisman docht in echte astrolooch dêr net oan. Astrology is neffens har de lear fan de prosessen. Der binne in ferskaat oan prosessen dy't ferskille yn lingte en yn enerzjy. Margreet en Sijtie duide foar ús de astrologyske prosessen dy't yn 2017 fan ynfloed binne (harkje nei de útstjoering). Yn dit audiofragmint stelle se harsels efkes foar.
http://www.opleidingdediamant.nl/
http://www.astrologiefriesland.nl/

Wannear moat we nei boppen sjen yn 2017

Neffens stjerrekundige Hans Molema binne der dit jier gjin opmerklike sitewaasjes oan de himel sjen. Gjin spektakulêre sinne- of moannefertsjusteringen, gjin supermoannen sa as yn 2016. Mar as je witte wannear't je omheech sjen moatte dan is der genôch te genietsjen.

It waar is net foar in jier te sizzen

As we it oer foarsizzingen hawwe, dan kin ús eigen waarman Pyt Paulusma net ûntbrekke. Wat kin hy sizze oer it waar yn 2017 en sjocht hy wolris yn de stjerren?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)