Buro de Vries fan 1 febrewaris 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* De skea fan de mûzepleach * YM: Cees Dam * Geartsje van der Zee: "Ik en honderdduizend" * Sjouke Lousma Underweis * Kollum Bart Kingma * It nijsfoarum * Minút fan Nyk *

De skea fan de mûzepleach

Boeren yn Fryslân wurde teheistere troch mûzen. Steatsssiktaris Dijksma hat al nei ús provinsje west om mei eigen eagen te sjen hoe grut de skea is. Wy fan it Buro tôgen ek it lân yn, mei boer én skea-ekspêr Andries Jan de Boer fan Jellum. Hy rûzet de skea op dit stuit op 100 miljoen euro.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Cees Dam fan Stynsgea.

'Ik en honderdduizend' fan Geartsje van der Zee

  • Ik en honderdduizend
  • Ik en honderdduizend

Geartsje van der Zee is studint 'Scenografie' oan de teaterskoalle yn Amsterdam. Se sit yn it lêste jier en ferline wike presintearre se in ôfstudearwurk, mei de titel 'Ik en honderdduizend'. Geartsje is dus studint, mar hat al gearwurke mei keunstners fan namme, sa as Baukje Schweigman, Martijn Engelbrecht, Theun Mosk en Dimitri Verhulst. Us man yn Amsterdam, Botte Jellema, makke Geartsje har performance mei. http://www.geartsjevanderzee.com/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum

De kollum is hjoed fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker by Omrop Fryslân.

Nijsfoarum

Ien kear yn de moanne beprate we it nijs fan de ôfrûne wike(n). Us nijsfoarum bestiet út de twa fêste leden Wini Weidenaar en Romke Postma. Gastlid is dizze snein Siebe Annema.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Snein is in rêstdei.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)