Buro de Vries fan 1 desimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Op- en/of oanmerkings, of in goeie tip? We hearre it graach, mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Ljouwerter folkstunen fiele har diskriminearre

Lilk bin se, de Ljouwerter folkstúnkers. De gemeente stipet op it stuit oeral yn 'e stêd projekten om tydlik te túnkjen. Dat bart dan op stikjes grûn dy't foarearst ûnbeboud lizzen bliuwe fanwege de krisis. Buertbewenners meie dy grûn sa lang om 'e nocht brûke. En dat stekt de folkstúnkers. Dy betelje wol foar de grûn en fiele har suver diskrimineard en seker: passeard. It Buro gie del by de tún yn Goutum en trof dêr Monica Welling en Jan Keijzer, bestjoersleden fan de Ljouwerter hierdersferiening fan Nutstunen. http://www.volkstuinenleeuwarden.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan Attema fan Hidaard.

Monumintaal iisklupgebou opknapt

Iisklup Nijelamer is in begrip. Alle winters as it kwik mar krekt ûnder nul sakket, skriuwe sy har earste wedstriid al út. Wat de iisklup ek bysûnder makket is har klupgebou, in monumint, boud yn 1928 en in foarbyld fan Kubistysk Ekspresjonisme. Der binne net in soad gebouwen yn dizze styl bewarre bleaun. Moai dus dat it klupgebou fan Nijlemmer no einliks goed opknapt is. Freed 13 desimber is de offisjele iepening. Franke Hoekstra lit it ús no al even sjen.

Sjouke Lousma ûnderweis (1781)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is hy by Hichtum.

De miening fan...Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.

De treinkaping by Wijster, Karel Wielenga docht syn ferhaal

Mei de ûnôfhinkliksheidsoarloch fan Yndonezië tsjin Nederlân, flak nei de Twadde Wrâldoarloch, fochten in soad Súd-Molukkers oan de Nederlânske kant.
Foar har help, yn dizze striid, waard oan de Súd-Molukkers in eigen ûnôfhinklike steat tasein: De Republiek der Zuid Molukken.
Doe't Nederlân har werom luts út Yndonezië, gongen de 4000 Molukse KNIL militairen ferplicht nei Nederlân. Dêr waarden se jierrenlang ûnderbrocht yn barakken, yn saneamde "tydlike" ôfwachting fan har eigen frije steat. Mar Nederlân soe dy belofte nea neikomme.
Ein '60 en begjin jierren '70 radikalisearden jonge Molukkers, se fielden har yn de steek litten troch de Nederlânske regering.
Se gongen oer ta hurde aksjes. Se besetten it Yndonezyske konsulaat en kaapten in trein by Wijster, dy't ûnderweis wie fan Grins nei Zwolle.
It wie 2 desimber 1975, Karel Wielenga siet ek yn dy trein.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Meindert.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)