Buro de Vries 11 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Ien jier Occupy Ljouwert, Bé Neyen fan Hurdegaryp fertelt wat it har brocht hat.
Sjouke Lousma treft yn Skalsum in man dy't 'm heal Fries, heal Rus fielt.
In Yn Memoriam troch Cor Waringa.
En wat is der tsjin de ambisjeuze plannen foar park Vijversburg, oftewol 'de bosk fan Ypey' by Tytsjerk.

Advokaat Tjalling van der Goot fersoarget de kollum en it nijsfoarum is fan de partij.

Nije plannen park Vijversburg

Der bin grutte plannen foar park Vijversburg, oftewol 'de bosk fan Ypey' by Tytsjerk. It stichtingsbestjoer presintearre de plannen yn jannewaris en meikoarten sil de rie fan Tytsjerksteradiel der oer beslute.
renovaasje en útbou fan de histoaryske filla,
ferdûbeling fan it oerflak nei 30 hektare,
meiwurking fan ferneamde ynternasjonale keunstners
en in ynvestearring fan sa'n 6 miljoen euro
; it makket dúdlik hoe't de ambysjes lizze.

Mar net elk is entûsjast. In groep leafhawwers fan it park slacht no op 'e trom yn de hope dat de rie de plannen keart. Mei trije fan har, túnhistoarikus Nico Kloppenborg, Vlaskamp-kenner Aly van der Mark en âld-riedslid Sikko de Jong, makken wy in kuier troch it park....
http://www.vijversburg.nl/

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Johannes Voolstra.

Bé Neyen oer 1 jier Occupy

Septimber 2011 liet de Occupy-beweging him hearre. Ek yn Ljouwert. Oan de Langemarktstrjitte sette se har tinten op. Bé Neyen fan Hurdegaryp is der fan it begjin ôf by.

Underweis (1641)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Skalsum.

Kollum

De kollum wurdt dizze snein fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot. Us rjochters moatte folslein ûnôfhinklik wêze. Hoe komt dat yn 'e takomst?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)