Boppeslach Kafee fan 8 November 2012

It reedrydseizoen is wer los, dus yn it Boppeslach Kafee wurde jo bypraat oer wat we ferwachtsje kinne dit seizoen. Freed begjinne de NK ôfstannen mei u.o. de striid op de lange ôfstannen tusken TWM mei Sven Kramer en de BAM ploech. Yn it Boppeslach Kafee fertelle coach Jillert Anema en syn pupil Jorrit Bergsma wat se fan doel binne. En Geert Kuiper, coach by TVM sit ek oan tafel. Mei him sille we it fansels ha oer Sven Kramer, dy't gelokkich krekt op tiid wer fit genôch is om mei te dwaan oan it NK mar syn nije seizoen wer mei in ferfelende blessuere útein set is. Nei in fal fan in skommel krige hy bot lêst fan de rêch.
Reedriden dus, yn it Boppeslach Kafee.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)