Boppeslach Kafee fan 8 maart 2012

Yn it Boppeslach Kafee is hjoed in bysûndere twaling te gast. De bruoren Hans en Wim Anker skowe oan by Arjen de Boer. Se sille it ha oer harren passy foar sport. De manlju binne grut supporter fan SC Hearrenfean en ha sels ek lang aktyf west as fuotballer yn Akkrum. Fierders organisearje se it mêstklimmen, slingeraap en sels reedrydwedstriden troch harren doarp. Koartom, njonken harren drokke bestean as strafadvokaat binne de Ankers wyld fan sport. Hoe't dat sa kaam is en wêr't se de tiid weihelje om dit allegear foar mekoar te krijen sjogge jo yn it Boppeslach Kafee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)