Boppeslach Kafee fan 4 oktober 2012

  • Epke Zonderland

Yn dizze útstjoering fan Boppeslach Kafee skowe in tal suksesfolle Olympiagongers út Fryslân oan. De meast suksesfolle is fansels Epke Zonderland mei syn gouden medalje op it rek. Dat makket him no al ta in leginde dêr’t oer hûndert jier miskien noch wol oer praat wurdt. Epke syn libben is foargoed feroare. As hy wol, kin er syn dagen wol folje mei it foldwaan oan fersiken om earne te ferskinen. Simone Scheffer praat dêr mei him oer en ek oer hoe’t it no fierder moat. Wat docht Epke no en wat binne de plannen op de wat langere termyn?

Hurdfytster Alyda Norbruis is in minder bekende, mar net minder grutte sporter. Mei har spastyske hendikep moat sy hiel hurd wurkje en in protte pine trochstean om ta prestaasjes te kommen. En dat docht se op bewûnderensweardige wize sa’t ek te sjen wie yn in dokumintêre oer har ein augustus. Op de Spelen wraksele Alyda noch mei de neiweeën fan in blinetermoperaasje. En dochs wûn sy sulver. Twa ferhalen fan twa grutte sporters. Dat makket dit kafee al op foarhân ien om net te missen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)