Boppeslach Kafee fan 3 maaie 2012

Yn it Boppeslach Kafee binne jûn Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar te gast. De beide ferneamde skûtsjeferslachjouwers nimme nei it kommend skûtsjeseizoen ôfskied. We blikke foarút op it seizoen en sjogge werom op twa lange moaie karriêres fan twa minsken dy't it skûtsjesilen hiel goed op 'e kaart setten hawwe. Skipper Jappie Meeter fan it Ljouwerter skûtsje praat mei, en Henk Schippers, dy't 29 jier lang yn it ferslachjouwersboatsje sitten hat mei Klaas en Sippy is ek te gast.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)