Boppeslach Kafee fan 23 febrewaris 2012

Yn it Boppeslach Kafee is tongersdei de famylje Zonderland te gast. Turner Epke Zonderland nimt syn mem, broer Herre en omke Epke mei. Mei harren sille we it ha oer it libben fan in topsportfamylje. Hoe giet it der om en ta yn in gesin dêr't alles draait om topsport. By de famylje Zonderland wiene alle bern hiel goed yn turnjen. De jongste, Epke, giet no foar de twadde kear nei de Olympyske Spelen. Hoe libbet it en wat ferwachtsje de famyljeleden fan syn prestaasjes. De famylje Zonderland...yn it Boppeslach Kafee!

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)