Boppeslach Kafee fan 22 maart 2012

Sandor van der Heide makke begjin dizze wike bekend dat hy in punt set achter syn karriêre as proffuotballer. Yn it Boppeslach Kafee prate we mei dizze flambojante nûmer fan Cambuur oer syn beslút. Ek de assistint trainer fan Cambuur, Henk de Jong, sit oan tafel, en de bêste freon fan Sandor, Leo de Wagt praat ek mei. Van der Heide wurdt aanst trainer-spiler by ONS. Ek Jan Vlap fan dy klup sit oan tafel. Mei har allegear ha we it oer Sandor van der Heide.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)