Boppeslach Kafee fan 2012-10-25T18:30:00

Boppeslach Kafee stiet dizze wike yn it teken fan de minder bekende kampioenen. Dat binne sporters dy’t op heech nivo prestaasjes leverje, mar dêr’t net in soad oandacht foar is. Faak komt dat omdat dizze sporten net op de Olympyske Spelen oanwêzich binne, mar ek wol omdat de sporters harren prestaasjes yn it fiere bûtenlân leverje.

Foarbylden dêrfan binne skeelerneur Manon Kamminga en judoka Miranda Wolfslag, wiere topsporters mei moaie resultaten. Manon helle op it lêste WK skeelerjen op de baan sels goud, sulver én brûns. Wolfslag waard ein ferline jier Nederlânsk kampioene en docht it ek goed yn it judo wrâldbekersirkwy.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)