Boppeslach Kafee fan 2012-10-11T18:30:00

Dit Boppeslach Kafee stiet hielendal yn it teken fan it skandaal rûnom hurdfytser Lance Armstrong en syn dopinggebrûk. Ald-hurdfytser Eddy Schurer, sjoernalist Andries Hoekstra en Omrop Fryslân hurdfytskenner Andries Bakker prate oer it skandaal en de effekten dêrfan op de hurdfytssport. Ek de beide Fryske hurdfytsers Pieter Weening en Lieuwe Westra jouwe harren miening oer de kwestje. Presintaasje: Simone Scheffer. De útstjoering is troch de koarte tariedingstiid opnommen sûnder publyk.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee is in wykliks praatprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje oer sport yn ús provinsje. Tusken de petearen troch binne aardige en humoristyske reportaazjes te sjen. Boppeslach Kafee wurdt om bar presintearre troch Simone Scheffer en Arjen de Boer. It programma begjint om 18.30 en duorret oant 19.00 oere. Boppeslach Kafee: it praatprogramma oer fuotbal en alle oare sporten yn Fryslân.
(advertinsje)