Boppeslach Kafee fan 16 febrewaris 2012

Yn it Boppeslach Kafee binne jûn de shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma te gast. Sjinkie Knegt waard okkerdeis Europeesk kampioen en Daan Breeuwsma sit ek yn it Nederlânsk gouden team. We sjogge mei harren werom op de toernoaien dit jier, mar ek fierder werom yn de tiid. En dat dogge we ek mei de grûnlizzers fan it shorttrack yn Fryslân. Gerrit Seegers en Mark Scheepstra. Sy hawwe de beide shorttrackers traind en kinne mear fertelle oer de talinten fan dizze jonges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)