Boppeslach Kafee fan 1 desimber 2011

Yn it Boppeslach Kafee prate we jûn oer judo. De Fryske judoka's binne op dit stuit aardich suksesfol op nasjonaal nivo. Sa waard Miranda Wolfslag Nederlânsk kampioene yn de gewichtsklasse oant 52 kilogram. Sy sit oan tafel. Lykas de grutte man achter it judo yn Fryslân, Edwin Steringa. Eartiids wie hysels ek in nasjonale topper. En Olof van der Meulen is gjin judoka, mar wol olympysk kampioen follybal. Hy is lifestylecoach by de judoka's yn Fryslân. Ek hy skoot oan yn it Boppeslach Kafee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)