Boppeslach fan fan 13 augustus 2012

Yn Boppeslach hjoed in ferslach fan de earste wedstryd fan Cambuur dit nije seizoen, út tsjin Volendam. Hoe stean de mannen fan trainer Alfons Arts derfoar dit jier? Fan NEC-Hearrrenfean, ek de earste wedstryd, spitich gjin bylden. Dat is troch it kontrakt fan de earedivyzje mei Eredivisie live net mooglik. Wol is der in live ferslach op radio krekt as by Cambuur. Wol yn dizze útstjoering in weromblik op it Frysk kampioenskip fierljeppen. Presintaasje Simone Scheffer.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)