Boppeslach fan 9 april 2012

Yn Boppeslach sjogge we foarút op de wichtige wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Ajax fan woansdei 11 april. In duel om in plak yn de top fan de earedivyzje te behâlden. Cambuur spilet moandei tsjin Willem II, witte se dizze wedstriid te winnen? Jo sjogge it yn it sportprogramma fan Omrop Fryslân. De kuorballers fan LDODK stean op de drompel fan de kuorbal league. As de finalewedstriid yn Papendrecht tsjin OVVO wûn wurdt hat Fryslân foar it earst in ploech yn dy league. En Mark Hoekstra is in jonge iishockeyer. Hy spilet by de Flyers, mar no ek by it Oranje ûnder de 18 jier. Op dit stuit binne se dwaande mei it WK yn Thialf. Hoe fergiet it de 17-jierrige Wolvegeaster? En fansels: US DEREK! Us jonge draafhynder is drok yn training om sa gau as mooglik op de baan te kommen. En it gebit fan Derek wurdt ek ûnder hânnen naam. Yn Boppeslach mear....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)