Boppeslach fan 8 july 2013

Yn Boppeslach omtinken foar it Europeesk kampioenskip skeelerjen. Under oaren Manon Kamminga docht it poerbêst en dit wykein is de ôfslutende maraton op 'e dyk. Boppeslach docht ferslach fan de wedstriid fan sawol de froulju as de manlju. Op It Heidenskip nimme de bêste fierljeppers fan it lân it tsjin elkoar op. De tradisjonele twakamp is de jierlikse striid tusken Fryslân en Hollân. It is in teamwedstriid, mar de beide toppers fan de beide teams, Bart Helmholt en Jaco de Groot, sille net foar elkoar ûnder dwaan wolle.

Fierder omtinken foar judoka Miranda Wolfslag. Yn juny skreau se skiednis troch as earste Friezinne wrâldbeker-goud te winnen. Yn july stiet se opnij foar in wichtige wedstriid, de wrâldbeker yn Moskou. Dêr soe se har foar it earst yn har karriêre kwalifisearje kinne foar it WK dat yn augustus yn Rio de Janeiro is. Gersbaanracers Jannick de Jong en Dirk Fabriek wolle har dit wykein kwalifisearje foar it EK, letter dit jier yn Bielefeld. Se stride mei de Europeeske top op de baan fan Noardwâlde om de tickets. Yn Boppeslach in ferslach fan de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)