Boppeslach fan 7 maaie 2012

Yn Boppeslach jûn fansels omtinken foar Cambuur yn de neikompetysje. Sneon de twadde wedstryd tsjin MVV, in ferslach fan dy wedstryd. Ek sjogge we werom op it seizoen fan SC Hearrenfean, snein de lêste wedstryd tsjin Feyenoord. Harkemase Boys wol yn de topklasse bliuwe. Dan moat der op De Bosk wûn wurde fan HHC. Wy binne derby. En Snits Wyt Swart is noch altyd yn de race foar it kampioenskip yn de haadklasse C fan it amateurfuotbal. Snein spylje se út by Hoogeveen. In ferslach fan dy wedstryd.
En Us Derek, it begjint no echt serieus te wurden mei it draafhynder fan de sportredaksje. In pear wike lyn hie Derek in snuffelstaazje op de drafbaan fan Wolvegea. Dêrnei is it allinnich mar wer better gien. We sjogge foarút nei de takomst. Hoe stiet it derfoar, en wat sil der no barre?

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)