Boppeslach fan 5 desimber 2011

Yn Boppeslach jûn omtinken foar it wrâldbekerreedriden op Thialf. We folgje de prestaasjes fan de Fryske riders. Harkemase Boys spilet wer in thúswedstryd. Dizze kear tsjin de nûmer seis fan de topklasse Capelle. En ONS docht it hiel goed yn de haadklasse. De topper wurdt sneon spile tsjin CSV Apeldoorn. Op dizze sinteklazedei krijt Us Derek, it jonge draafhynder fan de sportredaksje, besite fan wol in hiel spesjale man.... Wa soe dat no wêze?

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)